Wapen fan Stynsgea
It wapen fan Stynsgea is it wapen fan it doarp Stynsgea, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. I wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in iepene boek fan goud, belein mei in brânend hert fan read, in sulveren syldrâne, belein mei ôfwikseljend 4 ikels en 4 klavers fan grien.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Brânend hert: symboal foar de hillige Augustinus, patroanhillige fan de Augustinitsjerke fan Stynsgea.
- Iepene boek: symboal foar de hillige Augustinus.
- Read fjild: symboal foar de hillige Augustinus en ek symboal foar de eardere heiden yn de omkriten fan Stynsgea.
- Ikels en klavers: oernommen út de wapens fan belangrike famyljes út it doarp. Ek stiet it symboal foar de lizzing fan it doarp yn de Fryske Wâlden.