Augustinitsjerke (Stynsgea)
De Augustinitsjerke is de tsjerke fan 'e protestanske gemeente yn Stynsgea, gemeente Achtkarspelen.
Augustinitsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Stynsgea | |
adres | Geawei 15 | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 09' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Augustinus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw (toer) 15e iuw (tsjerke) | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7032 | |
Webside | ||
Side PKN-gemeente Stynsgea | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklik oan Augustinus wijde tsjerke waard likernôch healwei de 15e iuw boud oan in âldere toer út de 13e iuw. It wiene nei alle gedachten de muontsen fan it kleaster Jeruzalim út Gerkeskleaster, dy't de tsjerke bouden. Letter fûn der in ferheging fan it skip plak, itjinge te sjen is oan it feit dat de nok fan it tsjerkedak oant de kloksgatten fan 'e toer rikt. It gotyske gebou hat spitsbôgeramen en steunberen en wurdt eastlik ôfsletten troch in rjocht koer mei trije ramen, wêrfan de twa bûtenste ramen ticht sitte. Yn 'e geveltop fan it koer sitte nochris trije bline nissen. Oant 1895 hie de toer in sealtek, dy't doe ferfongen waard troch in ynsnuorre spits.
Ynterieur
bewurkje seksjeIn soad Fryske tsjerke ferlearen yn 'e rin fan 'e tiid it stiennen ferwulft, mar yn 'e tsjerke fan Stynsgea bleaune de krúsferwulften bewarre. Doe't de tsjerke yn 'e jierren 1954-1957 restaurearre waard, binne de banken ferwidere en ferfongen troch stuollen. De preekstoel út likernôch 1650 stie foar de restauraasje yn 'e jierren 1950 oan 'e súdlike muorre, mar krige dêrnei in plak oan 'e noardlike muorre. It eardere klankboerd en it doopstek binne mei de ferhûzing net werom kommen.[1] De kûp fan de kânsel is op de hoeken fersierd mei draaide pylders mei Korintyske kapitelen. Op 'e foarkant fan 'e kûp binne de wapens oanbrocht fan Harckama en Coyters. Oan 'e preekstoel is in lessener út 1778 mei in wapen fan Haersma befêstige. Allinnich de ikebeam is noch op it wapen te sjen, de seispuntige stjer en de leelje binne der ôf hakt.
It wapen fan Haersma is noch wol folslein te sjen op it rêchskot fan de hearebank út 1650. Under twa helmen binne de wapens oanbrocht fan 'e famyljes Harckama en Coyters (lofts) en Haersma en Fan Scheltinga (rjochts). Twa banken dy't foar de restauraasje fan 'e jierren 1950 foar de preekstoel oer oan 'e noardlike muorre stiene, krigen in plak oan 'e wand ûnder it oargel en datearje út 'e 18e iuw. De koperen kroanen stamme út 'e 17e iuw. Yn it koer lizze sarken út 'e 17e en 18e iuw.[2]
In restant út 'e katolike tiid is de goed bewarre piskina oan de eastlike muorre.
Yn 'e toer hinget in klok út 1617, dy't troch Hans Falck út Neurenberg yn Ljouwert getten waard. De klok is fersierd mei de nammen en wapens fan dyjingen, dy't it jitten fan de klok mooglik makken.
Fresko's
bewurkje seksjeMei de restauraasje fan 'e tsjerke yn 'e jierren 1950 waarden der meardere fragminten fan midsiuwske fresko's ûntdutsen. Boppe de noardlike útgong is it fresko te sjen fan de hillige Kristoffel. Yn it twadde travee binne fragminten fan twa ingels te sjen, wylst efter it oargel op 'e westlike muorre noch in skyld mei ferskate soarten reau waard bleatlein.[3]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel is fan Dútske makkelei en waard boud troch Friedrich Leichel út Düsseldorf. It oargel waard op 16 augustus 1883 yn gebrûk nommen. In restauraasje fan it ynstrumint yn 2006 troch Bakker & Timmenga brocht it oargel wer yn de âlde steat werom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|