Wat's Dyke
Wat's Dyke (Frysk: de dyk fan Wat; Welsk: Clawdd Wat) is in 64 km lange lineêre ierden lânwar dy't troch de noardlike Welsh Marches rint fan Basingwurk Abbey ôf oan de mûning fan de rivier de Dee, eastlik fan Oswestry en fierder nei Maesbury yn Shropshire, yn Ingelân. De dyk rint oer it algemien parallel oan Offa's Dyke, soms op in pear meter ôfstân, mar nea fierder as 5 km.
It hat no net folle mear te betsjutten, is op plakken hast net mear te sjen ûnder it gewaaks; de greppel is al lang opfolle en de wâlskant fuortploege, mar oarspronklik wie it in mânske konstruksje, dy 't beskôge waard as strategysk mear avansearre as Offa's Dyke. De datum fan oanlis binne saakkundigen it net oer iens, dy fariearret fan post-Romeinsk (5e iuw) oant it begjin fan de njoggende iuw.
Bou en lokaasje
bewurkje seksjeDe dyk bestiet út de gebrûklike wâlskant en greppel fan in âlde dyk, mei de greppel oan de westkant. Dat betsjut dat de dyk nei Wales rjochte is en dus sjoen wurde kin as in beskerming fan it Ingelske lân yn it easten tsjin de Welske folken. De pleatsing fan de dyk yn it terrein lit ek sjen dat der foar soarge waard dat der dúdlik sicht nei it westen wie en dat lokale lânskipseleminten optimaal brûkt waarden foar de ferdigening.
Wat's Dyke Way
bewurkje seksjeDe skatte rin fan de dyk wurdt folge troch de Wat's Dyke Way, in langeôfstânspaad fan 98 km fan Llanymynech yn Powys nei Basingwurk Abbey oan de rivier de Dee by Holywell. It paad waard iepene yn 2007.
Literatuer
bewurkje seksje- Margaret Worthington: Wat’s Dyke: An Archaeological and Historical Enigma. In: Bulletin John Rylands Library, Manchester. Band 79, Nr. 3, 1997.
- H.R. Hannaford: Archaeological on Wat’s Dyke at Maes-y-Clawdd. In: Archaeology Service, Shropshire County Council. Report 132, Dezember 1997.