Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst
Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst, yn it oarspronklike Deensk: Hvad Fatter Gjør Det Er Altid det Rigtige, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1861, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr og Historier: Anden Række ("Nije Mearkes en Stoarjes: Oarde Rige"), yn 'e mande mei seis oare mearkes (Tolve oer de Post, De Toarre, De Stien fan de Wize, De Snieman, Yn it Einehok en De Goadinne fan de Nije Iuw). Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst is in grappich teltsje dat basearre is op it Noarske folksferhaal Gudbrand fan 'e Heuvelskant. It is net ien fan Andersen syn bekendste mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Hvad Fatter Gjør Det Er Altid det Rigtige | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1861, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | Nye Eventyr og Historier: Anden Række | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt mearke giet oer in boer en syn frou dy't tegearre op in wat rynkrank spultsje op it plattelân wenje. Hja hawwe al in hynder, mar dat kin eins net út, dat de frou bepraat de boer om mei it hynder nei stêd ta, om it dêr op 'e feemerk oan jild te meitsjen of om te ruiljen foar wat betters. Dat de boer set ôf mei it hynder. Der is mear folk op 'en paad nei de feemerk en ûnderweis beslút er syn hynder al om te ruiljen. Mar eltse kear falt syn each wer op wat oars dat him wol oanstiet, en al is de ruil net altiten yn syn foardiel, och, it ferskil mei gjin namme hawwe. Sa ruilet er it hynder om foar in ko, de ko foar in skiep, it skiep foar in goes, de goes foar in hin en de hin foar in sek rottige apels. As er eefkes oanstekt yn in herberge foar't er wer op hûs oan sil, rekket er oan 'e praat mei in pear Ingelsen. Hy fertelt harren oer wat er dien hat, en as se dat hearre, miene de Ingelsen dat him thús in wan bruien wachtet. De boer wol dêr neat fan witte; hy seit dat er in tút krije sil as er it allegear oan syn frou fertelt. De Ingelsen stelle in weddenskip foar: as de boer in wan bruien kriget, moat er harren de sek rottige apels jaan, mar as er in tút kriget, jouwe sy him in skipspûn jild.
Dêr hat de boer wol earen nei, dat hy set mei de Ingelsen nei hûs ta en dêr oankommen fertelt er mem de frou alles dat er dien hat. As er seit dat er it hynder foar in ko omruile hat, seit se dat se de molke goed brûke kin. As er fertelt dat er de ko foar in skiep omruile hat, seit se dat dat wol sa goed is, want dan hawwe se èn wol èn molke, en boppedat is in skiep makliker te fuorjen. As er seit dat er it skiep omruile hat foar in goes, oppenearret se dat se al tiden sin hat om goes te iten. As er fertelt dat er de goes foar in hin omruile hat, is se bliid mei de aaien. En as er úteinlik seit dat er de hin omruile hat foar in sek rottige apels, wol se hawwe dat dy har krekt te pas komt, want se woe by master sipels liene, mar master is oan 'e deune kant, dat dy sei tsjin har: "Ik haw foar dy noch gjin rottige apel te lien." No kin se hìm moai wat rottige apels liene. Dat se jout har man in tút op 'e mûle, en dan moatte de Ingelsen ta de beurs. Sa sjogge je mar wer, beslút Andersen it mearke: it bringt altyd foardiel as de frou ynsjocht dat wat heit docht, altyd bêst is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|