Melvin Wayne Osmond (Ogden (Utah), 28 augustus 1951 - Salt Lake City, 1 jannewaris 2025) wie in Amerikaanske popsjonger. Hy wie de op ien nei âldste fan de oarspronklike sjongers fan The Osmond Brothers en de op trije nei âldste fan de njoggen Osmond-bern.

Wayne Osmond
sjonger en/of muzikant
Wayne Osmond (1971)
Wayne Osmond (1971)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Melvin Wayne Osmond
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 augustus 1951
berteplak Ogden
stoarn 1 jannewaris 2025
stjerplak Salt Lake City
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Crazy Horses,
Down by the Lazy River
jierren aktyf 1962-2019

Fan 1958 ôf begûnen Wayne en trije fan syn bruorren (Alan, Merrill en Jay) te sjongen as in barbershop koar. Yn de jierren 60, doe't se yn Disneyland spilen en geregeld yn The Andy Williams Show (in show op'e amerikaanske telefyzje) optreden. Yn Sweden brutsen se troch doe't se mei de populêre sjonger Lars Lönndahl wurken. Sân seizoenen lang wiene de bruorren úteinlik te gast by The Andy Williams Show. De jongere broer Donny wie ûnderwilens oan it fjouwertal tafoege. Yn Nederlân kaam it grutte sukses yn 1972 mei "Crazy Horses" nei in optreden fan de groep yn it televyzje programma Eén van de Acht fan Mies Bouwman en kaam krekt as de opfolger "Down by the Lazy River" op nûmer 1 fan de hitparade. The Osmond Brothers hawwe jierren yn harren eigen teäter yn Branson, Missouri, optreden. Yn 2006 giene Wayne, Merrill, Jay en Jimmy opnij toeren. Yn 2012, krekt foar de start fan in nije UK-toer, krige Wayne in beroerte en moast er it optreden farwol sizze.

Priveelibben

bewurkje seksje

Wayne Osmond waard yn Ogden (Utah) as de op trije nei âldste fan de úteinlik njoggen Osmond-bern. Op 13 desimber 1974 troude Wayne mei Kathlyn White, in eardere Miss Davis County Fair en Miss Utah fan 1974. Se krigen fiif bern, trije dochters en twa soannen. Yn de jierren 1990 ferhuze Osmond nei Branson (Missouri). Yn 1997 waard by him in harsentumor konstatearre dy't mei sukses behannele waard, mar ta skea gie fan syn gehoar; de behanneling skansearre syn slakkehûs, wêrtroch't Osmond hast dôf waard. In beroerte yn 2012 soarge derfoar dat hy net mear op optrede koe. Hy hie in fleanbrevet, en bleau fleantugen bestjoeren oant mobiliteitsproblemen him hjirfan wjerholden tsjin ’e ein fan syn libben. Wayne Osmond ferstoar op 1 jannewaris 2025, yn 'e âldens fan 73 jier, oan de gefolgen fan in beroerte.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Band Single(s)
The Wonderful World
of The Osmond Brothers
oktober 1968 The Osmond Brothers I've Got Lovin' on My Mind,
Clouds (Both Sides Now),
Groove with What You've Got,
Make the Music Flow
Hello! The Osmond Brothers septimber 1970 Chitchana Koibito,
Young Love Swing,
Movin' Along,
Chance
Osmonds 14 novimber 1970 One Bad Apple,
Sweet and Innocent
Homemade juny 1971 Double Lovin
Phase III jannewaris 1972 Yo-Yo,
Down by the Lazy River
Crazy Horses oktober 1972 Hold Her Tight,
Crazy Horses
The Plan 30 juny 1973 Goin' Home,
Let Me In,
Movie Man
Love Me for a Reason 2 novimber 1972 Love Me for a Reason,
Having A Party'
The Proud One 30 augustus 1975 The Proud One,
I'm Still Gonna Need You
Brainstorm 1976 I Can't Live a Dream,
Back on the Road Again
Steppin' Out 1979 Emily,
You're Mine',
Steppin' Out
The Osmond Brothers 1982 I Think About Your Lovin' ,
It's Like Falling in Love (Over and Over),
Never Ending Song of Love
One Way Rider 1984 She's Ready for Someone to Love Her,
Where Does an Angel Go When She Cries,
One Way Rider,
If Every Man Had a Woman Like You

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: EN
  • Wikipedy: NL (The Osmonds)