Húske
In húske, wc, toilet of gemak is in sanitêr ûnderdiel fan in gebou, dat bedoeld is foar it opfangen en ôffieren fan in minsklike urine en ûntlêsting. Yn 'e Westerske wrâld binne tsjintwurdich porseleinen trochspielhúskes de noarm, wêrby't men plaknimt op it toilet, en de urine en ûntlêsting fuortspield wurde mei wetter, om dan fia ôffierbuizen yn it rioel of in bearput te bedarjen. Itselde bart by hoksetoiletten, dy't yn East-Aazje ynboargere binne, en wêrby't men net op it toilet sels sit, mar yn 'e hoksen sitten giet boppe in gat yn 'e flier. De term 'toilet' komt út it Frânsk; de namme 'wc', fan it Ingelske water closet ("wetterkast"), dy't yn it spraakgebrûk as synonym mei 'húske' brûkt wurdt, ferwiist strikt nommen inkeld nei trochspielhúskes en net nei oare foarmen fan toiletten.
Oare soarten húskes
bewurkje seksjeFoarhinne wiene yn Fryslân bûtendoarhúskes yn gebrûk, wêrby't de urine en ûntlêsting opfongen waard yn húsketûnen, dy't ienris yn 'e safolle tiid ophelle waarden troch de tûntsjeman. Yn tige ôfhandige plattelânsgebieten yn bgl. Alaska of Noarwegen komme sokke bûtendoarhúskes noch wol foar, al wurdt dêr gjin gebrûk makke fan tûnen, mar fan in gat yn 'e grûn, dat nei in beskate perioade ôfdutsen wurdt, wêrnei't it húske in stikje ferpleatst en boppe in nij gat set wurdt.
Yn in protte ûntwikkelingslannen hat men oare foarmen fan húskes. Sa komme dêr drûge toiletten lykas latrines en komposteartoiletten foar. Sokke foarmen fan húskes binne altyd bûtendoar, en ideäliter in stik by drink- en baaiwetter wei. Yndia is op it mêd fan sanitêr ien fan 'e minst ûntwikkele lannen fan 'e wrâld. Yn 2016 waard besifere dat 770 miljoen Ynjers gjin beskikking hawwe oer in húske, en har behoef dwaan moatte op willekeurige plakken bûtendoar.
Badkeamer
bewurkje seksjeYn in protte lannen, benammen yn 'e Westerske wrâld, binne wenten tarist mei in spesjaal fertrek, in saneamde badkeamer of baaikeamer, wêryn't in húske mei in dûs en eventueel in bad kombinearre binne. Dat is oarspronklik sa groeit om't it de ôffier fan ôffalwetter ienfâldiger makket en sadwaande besparret op 'e kosten. Yn guon net-Westerske kultueren wurdt soks as ûnsanitêr beskôge, en wurde waskjen en nei it húske gean faninoar skaat yn ferskillende fertrekken.
Iepenbier húske
bewurkje seksjeIepenbiere húskes hawwe yn 'e regel aparte romten foar manlju en froulju, mei faak noch in trêden fan foar lju mei in lichaamlike beheining. De romte foar froulju bestiet dan út in rige toiletten dy't ôfskaat binne mei skudden en in doar dy't op 't slot kin. Faak rikke de skudden en de doar net hielendal oan it plafon ta, noch alhiel oan 'e flier ta.
By de manljushúskes hat men meastal in romte mei urinoirs, dy't inkeld bedoeld binne foar urinearjen, mei dêrnjonken noch ien of twa toiletten foar ûntlêsting, dy't krektsa foarmjûn binne as de frouljustoiletten. Yn beskate foarmen fan iepenbier ferfier, lykas passazjierstreinen en ferkearsfleantugen, wurdt gebrûk makke fan in gemysk toilet, en dat is ek faak it gefal op wurkterreinen dêr't gjin oare foarm fan húske yn 'e buert is, en by grutte eveneminten, lykas popkonserten of sportwedstriden.
Skiednis
bewurkje seksjeEarnstige sykten dy't har fia wetter ferspriede, lykas goalera en diarree, dogge har foar as ûntlêsting mei de drinkwetterfoarrie yn kontakt komt. Sadwaande hat sanitêr sûnt de ierste stadia fan 'e minsklike beskaving in punt fan soarch west. De Indusbeskaving stie yn 't bysûnder bekend om syn mânske sanitêre netwurk, dat ek wetterspielende húskes yn priveewenten omfieme.
Foar it meastepart loasden iere stêden harren ôffalwetter op iepen rivieren of yn see fia iepen rioelen. Yn it âlde Rome en yn guon fan Midsiuwske kleasters wie dat better regele, mar it leegjen fan 'e pôt út it finster boppe de strjitte gie troch oant yn 'e iere tweintichste iuw. In foarrinner fan it moderne trochspielhúske waard al yn 1596 troch John Harington útfûn, mar kaam pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|