Welpeprint
De welpeprint wie in jierlikse priis dy't tusken 2000 - 2007 útrikt waard troch Stifting It Fryske Boek foar it bêst fersoarge Fryske berne- of jongereinboek. Yn it gefal fan de Liuweprint en de Welpeprint binne alle jierren twa prizen beskikber. Frysktalige boeken, boeken yn it Stellingwerfsk, it Biltsk en yn it Stedsfrysk komme dęrfoar yn de beneaming. De Liuweprint is der foar boeken dy’t bedoeld binne foar folwoeksenen, de Welpeprint foar boeken foar bern.
In sjuery maket in nominaasje fan boeken mei as kritearia:
- it formaat
- de kar fan lettertype en korpsgrutte fan de letter
- de blędspegel - hoe stiet de tekst op it papier -
- de papierkar fan it binnenwurk, kar fan it skutblęd
- de bynwize
- de kar en it beklaaiïngsmateriaal fan de bân
- it type tekst by de wize fan foarmjaan
- oft de foarmjouwing konsekwint trochfierd is
- hoe’t omgien is mei yllustraasjes
- de kwaliteit fan it printwurk
- it gehiel fan al dy saken
- de orizjinaliteit
Winners
bewurkje seksje- 2006 - Lederwyntsje, bern mei krêften fan Lida Dykstra
- 2005 - ?
- 2004 - De poes mei de lange sturt fan Baukje Wytsma en Carla van der Heijde
- 2003 - De tsien fan Nynke fan Hichtum troch Barbara Jonkers
- 2002 - Lokaal 13 fan Baukje Wytsma
- 2001 - Wolken fan wol fan Lida Dykstra
- 2000 - Snotaapkes fan Lida Dykstra