De liuweprint wie in jierlikse priis dy't tusken 2000 - 2007 útrikt waard troch Stifting It Fryske Boek foar it bêst fersoarge Fryske boek. Yn it gefal fan de Liuweprint en de Welpeprint binne alle jierren twa prizen beskikber. Frysktalige boeken, boeken yn it Stellingwerfsk, it Biltsk en yn it Stedsfrysk komme dêrfoar yn de beneaming. De Liuweprint is der foar boeken dy’t bedoeld binne foar folwoeksenen, de Welpeprint foar boeken foar bern.

In sjuery maket in nominaasje fan boeken mei as kritearia:

  • it formaat
  • de kar fan lettertype en korpsgrutte fan de letter
  • de blêdspegel - hoe stiet de tekst op it papier -
  • de papierkar fan it binnenwurk, kar fan it skutblêd
  • de bynwize
  • de kar en it beklaaiingsmateriaal fan de bân
  • it type tekst by de wize fan foarmjaan
  • oft de foarmjouwing konsekwint trochfierd is
  • hoe’t omgien is mei yllustraasjes
  • de kwaliteit fan it printwurk
  • it gehiel fan al dy saken
  • de orizjinaliteit
  • 2006 -
  • 2005 - Kunst over Bomen, Bomen over Kunst. Lânskipsbehear Fryslân
  • 2004 - Gjin grinzen, de reis, Geen Grenzen, de reis, No borders, the voyage, fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus
  • 2003 - De fiifde woansdei, 150 jier PC fan Pieter Breuker en Jan Pieter Janzen
  • 2002 - Wat ha wy in wille hân. Bernespultsjes fan earder. Boek mei in protte yllustraasjes oer spultsjes fan eartiids. Skriuwer Albert Mulder. Foarmjouwing en yllustraasjes troch Karin Carolina Poiesz
  • 2001 - Wetter en Stien, fan Tine Bethlehem
  • 2000 - ?