Werner Goldberg
Werner Goldberg (berne op 9 febrewaris 1919 yn Berlyn, dêr ek ferstoarn op 28 septimber 2004) wie oant 1940 in soldaat yn de Wehrmacht. Alhoewol't er neffens de Neurenberger rassenwetten in healjoad wie, mar wol ien op lingte mei ljocht hier en blaue eagen, printe it "Berliner Tageblatt" in foto fan him as de "ideale Dútske soldaat".
Werner Goldberg | ||
militêr | ||
Werner Goldberg as "de idéale Dútske soldaat" yn it Berliner Tageblatt (1939) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 9 febrewaris 1919 | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | 28 septimber 2004 | |
stjerplak | Berlyn |
Libben
bewurkje seksjeSyn heit wie lid fan de joadske gemeente fan Königsberg, mar hy bekearde him ta it protestantisme en troude in kristlike frou, dy't harren soannen Werner en Martin (* 1920) ek dope lieten. Oant de nasjonaalsosjalisten de macht yn Dútslân grepen wie Werner Goldberg net op 'e hichte mei de joadske komôf fan syn heit.
Nei syn skoaltiid fûn Goldberg wurk by Schneller & Schmeider, in kleanbedriuw dat yn mienskiplik eigendom wie fan in joad en in net-joad. In soad kollega's fan Goldberg wiene joaden of lykas Werner Goldberg saneamde Mischlinge, heal-joaden. Goldberg's omke fan syn memmekant keas foar de nazy-partij en wegere noch omgong mei de famylje Goldberg.
Oan it begjin fan 1938 tsjinne Goldberg seis moanne yn de Reichsarbeidsdienst. Goldberg wist letter noch dat syn unifoarm in heakkekrús op in earmbân hie. Op 1 desimber 1938 foege Goldberg him by it Dútske leger en tegearre mei syn kammeraat Karl Wolf, in soan fan in hege SS-ofsier, naam er op 1 septimber 1939 diel oan de ynvaazje fan Poalen. De foto fan Werner Goldberg waard mei it byskrift "De idéale Dútske soldaat" yn de sneinsedysje fan it Berliner Tagesblatt publisearre. De foto wie makke troch in offisjele fotograaf fan de Wehrmacht en waard letter ek brûkt foar it winnen fan soldaten. Yn 2015 soe de foto in skandaal feroarsaakje yn Ruslân, doe't yn Tobolsk ynstee fan in foto fan in Sovjet-soldaat de foto fan "de idéale Dútske soldaat" brûkt waard op in monumint dat de ferdigeners fan Ruslân yn de Twadde Wrâldkriich betinke moast.[1]
Goldberg krige yn 1940 nei de wapenstilstân mei Frankryk ûntslach. Hitler hie ferordonearre dat alle Mischlinge it leger útset wurde moasten. Hy fûn wer wurk yn itselde kleanbedriuw, dat no de namme feroare hie yn Fjodor Schmeider om't joadske bedriuwen net mear tastien wiene. Yn it bedriuw krige Goldberg ferantwurdlike taken en hy wist sels kontrakten foar it leger en de marine los te peuterjen. Goldberg's heit waard yn desimber 1942 yn it sikehûs opnommen. Nei in ynfal fan de Gestapo ferhûze syn heit nei in Joadsk sikehûs yn de Rosenstraße, dat troch de Gestapo brûkt waard as finzenis om joaden nei Auschwitz te stjoeren. Op krystjûn, gokkend dat it tasicht fan de bewakers net sa skerp wie op dy jûn, helle Goldberg syn heit út it sikehûs. De Gestapo krige Golberg sr. al gau wer yn hannen en yn april 1943 waard er oproppen foar deportaasje, mar syn soan sei dat er gjin gehoar oan de oprop jaan moast en op 'e nij wist er him it libben te rêden. Heit en soan wiene de iennige joadske leden fan de direkte famylje dy't de kriich oerlibben.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Goldberg lid fan de CDU. Fan 1952 oant 1958 wied er lid fan it distriktsbestjoer fan Berlyn-Wilmersdorf. Dêrnei wied er 20 jier lid fan it Hûs fan Deputearren fan Berlyn. Yn 1979 einige syn politike wurkpaad. Werner Goldberg ferstoar op 28 septimber 2004, yn 'e âldens fan 84 jier en liet syn frou Gertrud Goldberg en trije bern efter.
Dokumintêre
bewurkje seksjeYn 2006 waard troch Larry Price yn gearwurking mei de Israel Broadcasting Authority de dokumintêre "Hitlers jüdische Soldaten" makke oer de skiednis fan Werner Goldberg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|