Westerheide
De Westerheide is in heidegebiet fan 344 bunder op it grûngebiet fan Hilfertsom en Laren. It gebiet grinzet oan de Bussumerheide, de A1, de beboude kom fan Hilfertsom en it spoar Amsterdam-Amersfoort.
It sterk gloaiende terrein, dat oprint nei in hichte fan 27 meter by Sint Janskerkhof, is tige yn trek by wannelers en fytsers.
It gebiet is foarme yn de iistiid. Der is in soad balstienliem, sân en grint ôfgroeven yn it ferline.