Westertsjerke (Amsterdam)

De Westertsjerke oan 'e Prinsengracht yn Amsterdam is in protestantsk tsjerkegebou. De tsjerke waard as Nederdútsk-grifformearde tsjerke boud en wie sûnt 1816 in Nederlânsk-herfoarme tsjerke, oant yn 2004 de gemeente opgie yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Westertsjerke
Lokaasje
plak Amsterdam
adres Prinsengracht 281
koördinaten 52° 22' N 4° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Hendrick de Keyser
boujier 1620-1631
boustyl renêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 4298
Webside
Side Westertsjerke
Kaart
Westertsjerke (Amsterdam-Binnenstêd)
Westertsjerke

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
Ynterieur healwei de 18e iuw

De tsjerke waard tusken 1620 en 1631 yn 'e styl fan de Nederlânske renêssânse neffens ûntwerp fan 'e Amssterdamske boumaster Hendrick de Keyser (1565-1621) boud, dy't yn 'e Sudertsjerke begroeven leit. De tsjerke waard ûnder lieding fan syn soan Pieter de Keyser (1595-1676) foltôge en op 8 juny 1631 yn gebrûk nommen. De trijeskippige basilyk hat in rjochthoekige plattegrûn mei twa dwersskippen fan likense ôfmjittings. De Wester is 58 meter lang, 29 meter breed en 29 meter heech.

De toer fan 'e Westertsjerke, de saneamde Westertoer, is mei likernôch 87 meter de heechste tsjerketoer fan Amsterdam. De toer stiet oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke . It ûnderste diel is fan bakstien wylst de ferdjippings fan 'e spits fan natoerstien binne. De houten lantearne wurdt ôfsletten mei in keizerskroan út 1637. Njonken de oerslachklokken fan Ahasverus hat de toer in karriljon fan Hemony. De ferdjippings fan 'e toer wurde nei boppe ta smeller.

De toer waard yn 'e jierren 2006-2007 restaurearre, wêrby de keizerskroan yn 'e oarspronklike blauwe kleur oerskildere waard. Ek de fazen op de hoeken fan 'e boppebou fan 'e toer krigen de blauwe kleur werom.

 
Haadoargel.

It haadoargel waard yn 1686 foltôge en boud troch Roelof Barentszn Duyschot en Johannes Duyschot. Yn 1727 krige it twamanualige oargel fan Christian Vater, in learling fan Arp Schnitger, in tredde manuaal. Nei in soad feroarings yn 'e 18e, 19e en 20e iuw waard it oargel tusken 1989 en 1992 troch Flentrop út Saandam op 'e nij boud. By de restauraasje fan it ynterieur waard it oargel troch deselde oargelboufirma demontearre en dêrnei yn 'e maaitiid fan 2020 wer skjin werom set yn 'e oargelkas. Fanwegen de koronaepidemy koe it oargel net mei publyk ynspile wurde, mar minsken koene dat op 18 april 2020 op ynternet folgje.

Sûnt 1963 hat de tsjerke ek in koeroargel fan Flentrop. Yn 2001 waard dat koeroargel restaurearre en yn 2017 folge grut ûnderhâld.

 
Oersjoch ynterieur.

Yn 'e tsjerke lizze û.o. Rembrandt van Rijn, Govert Flinck, Joan Blaeu en Lucas Bols begroeven.

  • Súdlik fan 'e Westertsjerke stiet in monumint foar Anne Frank.
  • Eastlik fan 'e Westertsjerke stiet ta neitins fan ferfolge homoseksuëlen it homomonumint.
  • Noardlik fan 'e tsjerke stiet oan 'e Prinsengracht it Anne Frank-hûs.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: