Westlike rotsmûs

De westlike rotsmûs (wittenskiplike namme: Apodemus epimelas) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan de boskmûzen (Apodemus), dat yn Jeropa foarkomt op 'e Balkan. Mei de nau besibbe eastlike rotsmûs (Apodemus mystacinus) wurdt er soms yn 'e Karstomys-groep (fan 'e rotsmûzen) binnen it boskmûzeskaai pleatst. De rotsmûzen binne fierders it naust besibbe oan 'e Sylvaemus-groep (fan 'e wâldmûzen), dêr't û.m. de boskmûs (Apodemus sylvaticus) en de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) ta hearre.

westlike rotsmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus epimelas
Nehring, 1902
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De westlike rotsmûs is lânseigen yn in grut part fan 'e Balkan, wêrûnder súdwestlik Kroaasje en Bosnje-Hertsegovina, Montenegro, Albaanje, Masedoanje, westlik Bulgarije, noardlik Grikelân en East-Traasje (Jeropeesk Turkije).

De westlike rotsmûs ûntjoech him wierskynlik ta in selsstannige soarte oan 'e ein fan it Plioseen of it begjin fan it Pleistoseen, doe't er troch it ûntstean fan 'e Bosporus ôfsnien waard fan syn sibbe, de eastlike rotsmûs. De westlike rotsmûs waard lange tiid as in ûndersoarte fan 'e eastlike rotsmûs beskôge, mar nij ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat de genetyske ferskillen tusken de beide soarten grutter binne as dat foarhinne oannommen waard.

De westlike rotsmûs is de grutste boskmûzesoarte fan Jeropa. Hy ferskilt fan 'e eastlike rotsmûs trochdat syn búk griziger is (en dêrmei mear deselde kleur hat as syn rêch) as dat by de eastlike rotsmûs it gefal is. Boppedat is er yn 'e regel grutter fan stal. De westlike rotsmûs libbet fierhinne fan oliven, kersen, jeneverbeien, griene plantedielen en ynsekten. Syn nêst makket er yn in hoale ûnder of tusken rotsen of balstiennen. De draachtiid duorret by dizze soarte 23 dagen, wêrnei't der 2-9 jongen te wrâld komme. In wyfke kin jiers trije kear smite.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.