Boskmûs
De boskmûs of heidemûs (wittenskiplike namme: Apodemus sylvaticus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn hast hiel Jeropa foarkomt. Ek yn Nederlân is er frij algemien, en itselde jildt foar Fryslân, de Waadeilannen ynbegrepen. Dit bistke is nau besibbe oan 'e grutte boskmûs of gielhalsboskmûs, mar ferskilt dêrfan troch it ûntbrekken fan 'e bân fan gielich hier om 'e hals, syn justjes lytsere earen en syn justjes behindiger postuer. De boskmûs libbet gear mei de minske en wurdt sadwaande ek wol as ûngedierte beskôge.
boskmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apodemus sylvaticus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeAlgemien foarkommen
bewurkje seksjeDe boskmûs is lânseigen yn hast hiele Jeropa, ynkl. de gruttere Britske Eilannen, de Orkney- en Sjetlâneilannen, de measte Deenske eilannen, in protte eilannen yn 'e Middellânske See (lykas de Baleären, Korsika, Sardynje, Sisylje, Korfû en Kreta) en it eilân Gotlân, yn 'e Eastsee. Hy ûntbrekt lykwols op 'e measte lytsere Grykske eilannen, Syprus, de Hebriden, de Fêreu-eilannen en yn sintraal en noardlik Skandinaavje. Yn Finlân, Estlân en Letlân komt er hielendal net foar. De eastgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint troch súdlik Litouwen, Wyt-Ruslân, nimt noch in hoekje fan westlik Ruslân mei, en folget dan in kromme line troch it easten en suden fan 'e Oekraïne, om bewesten de Krim by de kust fan 'e Swarte See út te kommen. Yn it súdeasten foarmet de Bosporus de grins. Bûten Jeropa komt de boskmûs inkeld foar yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika, fan Tuneezje oant Marokko. Op Iislân is er in by fersin troch de minske yntrodusearre eksoat.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
bewurkje seksjeYn Nederlân, en ek yn Fryslân, komt de boskmûs algemien foar. Ek op alle gruttere Waadeilannen besteane populaasjes.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe boskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-11 sm, mei in sturtlingte fan 7-10½ sm en in gewicht fan 14-35 g. De sturten fan boskmûzen binne kwetsber, en de einen brekke maklik ôf (en groeie dan yn 'e regel net wer oan). Dit is in evolúsjonêre adaptaasje ta beskerming tsjin predaasje. Men moat in fongen boskmûs dus nea allinnich by de sturt beethâlde.
Folwoeksen eksimplaren hawwe gielich oant brunich hier op 'e rêch en grizich wyt hier op 'e búk. De demarkaasjeline tusken dy beide kleuren is altyd wat dizenich. Opfallend is dat de boskmûzen op 'e Waadeilannen helderder kleure binne mei yn in protte gefallen in frij dúdlike dûnkere streek oer de rêch. Op 'e kiel hawwe boskmûzen oer it generaal in gielich plakje sitten, dat lykwols nea, sa't by de grutte of gielhalsboskmûs it gefal is, in sletten halsbân foarmet. Wol is it mooglik dat it plakje oergiet yn in útrutsen gielige streek tusken de foarpoaten troch en oer de búk. Jongere bisten binne trochstrings effen griisbrún en kinne sadwaande maklik betize wurde mei folwoeksen hûsmûzen. De earen en eagen binne lykwols grutter, en fierders ken men boskmûzen werom oan harren soarteigen rook, har spitsere snút en de ynkeping yn 'e boppekjiftosken.
Biotoop
bewurkje seksjeNettsjinsteande har namme bewenje bosk- of heidemûzen net inkeld wâlden en heide, mar ek gerslân, ikkers mei lânbougewaaksen, nôtfjilden, tunen, braaklizzend terrein en sândunen. Feitliks hawwe se leaver hagen en strewelleguod as bosken. Yn berchgebieten komme se selden boppe de beamgrins foar, al binne se yn 'e Alpen oant op 2.000 m hichte oantroffen. Fierders ûntbrekke se krektlyk yn leechleine, wiete lânskippen. Yn 'e wintermoannen nimme se gauris har yntrek yn skuorren, hokken of sels minsklike wenten.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeBoskmûzen binne nachtdieren, mar by ljochtmoanne en as it nachts kâld en/of wiet is, sette se net folle út 'e wei. Se libje frijwol útslutend op 'e grûn, ek al binne se trochkrûpt yn klimmen en springen. Mei de kjiftosken en de foarpoaten grave in protte, soms wol oant 50 sm djipte. Har gongen hawwe in trochsneed fan 3 sm en kinne 1 m lang wêze. Gongestelsels hawwe yn 'e regel mear as ien útgong en wurde faak brûkt troch ferskate generaasjes boskmûzen. De boskmûs is in yntelligint bistke dat de foar ûndersikers ferfelende gewoante hat om 'e yngongen fan ynrinfâlen ticht te stopjen mei ierde en stientsjes.
De boskmûs bejout him oer it algemien mar selden mear as 14-20 m fan syn hoale ôf, of it moat yn 'e peartiid wêze. De grutte fan it territoarium hinget fan it soarte biotoop ôf, mar dat fan 'e mantsjes is mei 1.200-13.000 m² oansjenlik grutter as dat fan 'e wyfkes (800-4.000 m²). De sosjale hierargy fan 'e boskmûs is noch altyd net alhiel klear; dominante mantsjes ferdigenje har territoarium tsjin ynkringers, en yn 'e peartiid oerlaapje de territoaria fan 'e mantsjes inoar, mar dy fan 'e wyfkes net. It tinken is dat boskmûzen polygaam binne.
De fuortplanting fynt by de boskmûs plak tusken maart/april en oktober, mei útrinners nei novimber, ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden en de dêrmei ferbân hâldende beskikberens fan fretten. Nei in draachtiid fan likernôch 25 dagen wurde trochinoar 3 kear jiers 3-8 jongen smiten, dy't mei 3 wiken selsstannich binne en it nêst ferlitte. Neigeraden dat it letter yn it jier wurdt, fynt der almar mear resorpsje fan embryo's plak, sadat de smeten hieltyd lytser wurde. De populaasjetichtheid kin by boskmûzen fariëarje fan 1 oant wol 200 eksimplaren de ha, ôfhinklik fan hoefolle fretten oft der foarhâns is. Yn it wyld libbet de boskmûs yn trochsneed mar in fearnsjier, mei in maksimum fan oardel jier. Yn finzenskip kin er wol 4 jier wurde. Boskmûzen foarmje in wichtige proai foar in ferskaat oan rôfdieren, wêrûnder de das, harmeling, wezeling, stienmurd, beamotter, hûskat, foks en ferskate soarten rôffûgels, lykas de reade wikel, wâldûle, goudûle, stienûle en katûle.
Fretten
bewurkje seksjeBoskmûzen frette yn haadsaak siedkerlen fan nôt en alderhanne soarten nuten, benammen fan beammen as de iik, bûk, esk, linebeam, hagedoarn en eskdoarn. Dêrnjonken meie se ek wol fruchten en beien, blomknoppen, poddestuollen en moas. Fierders steane ek ynsekten, tûzenpoaten, spinnen, reinwjirms en slakken op it menu. Winterdeis libbet de boskmûs û.m. fan 'e fruchtbere dielen fan rintfearren (varens), wat seldsum is foar wringedieren.
Status
bewurkje seksjeDe boskmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt. Soms wurde boskmûzen as skealik ûngedierte beskôge om't se skea oanrjochtsje oan lânbougewaaksen; sa frette se bygelyks knoppen en fruchten oan fan û.m. nôt en biten. Yn huzen kinne se fral winterdeis wol oer itensfoarrieden gear gean en oare gnauskea oanrjochtsje.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Side oer de boskmûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e boskmûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|