De wetterrotten of wrotrotten (wittenskiplike namme: Arvicola) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en de tûke fan 'e fjildmûzen (Arvicolini). Ta dit skaai hearre trije soarten dy't foarkomme yn hast hiel Jeropa en grutte parten fan noardlik Aazje. In fjirde soarte, de richardsonwettermûs, út westlik Noard-Amearika, waard foarhinne ek yn dit skaai pleatst, mar út ûndersyk hat bliken dien dat dy nauwer besibbe is mei it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus). De wetterrotten libje, nettsjinsteande har namme, sawol yn it wetter as op drûch lân. Se weagje oant 250 g. It binne bisten mei in tsjûke pels en in hierrige franje tusken de teannen, dy't deselde funksje ferfollet as swimfluezzen by oare soarten.
- skaai wetterrotten (Arvicola)
|