Berchwetterrôt
De berchwetterrôt of berchwrotrôt (wittenskiplike namme: Arvicola scherman) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e wetterrotten (Arvicola). Dit bist komt foar yn it grutste part fan Midden-Jeropa en dielen fan East-Jeropa en it Ibearysk Skiereilân. Yn Nederlân komt er foar yn Súd-Limburch, dêr't er pleatslik bekend stiet as de molmuis of de aardwolf.
berchwetterrôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Arvicola scherman | ||||||||||||
Shaw, 1801 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Taksonomyske skiednis
bewurkje seksjeDe berchwetterrôt waard foar it earst as soarte beskreaun yn 1801, mar waard letter degradearre, en gie lange tiid troch foar in ûndersoarte fan 'e noardlike wetterrôt (Arvicola amphibius). Nei nij ûndersyk waard er lykwols yn 2000 op 'e nij as in selsstannige soarte erkend.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan 'e berchwetterrôt strekt him út oer in grut part fan Midden-Jeropa, mei dêrûnder hiele Switserlân en Lychtenstein en fierders Eastenryk útein it súdeastlikste diel, sintraal Sloveenje, noardlik en noardwestlik Itaalje, eastlik Frankryk en súdlik Dútslân en Tsjechje. Yn East-Jeropa komt er foar yn hast hiel Slowakije, it uterste súdeasten fan Poalen, it uterste westen fan 'e Oekraïne en noardeastlik Hongarije. Op 'e Balkan libbet de berchwetterrôt yn sintraal Kroaasje en de westlikste punt fan Bosnje, en yn Roemeenje yn hiel Transsylvaanje. Ek komt er foar yn 'e Pyreneeën, sawol oan 'e noardlike, Frânske, as oan 'e súdlike, Spaanske kant. Op it Ibearysk Skiereilân libbet er fierders yn Astuerje, eastlik Galysje, noardwestlik Leön en it uterste noardeasten fan Portegal. Yn it noarden strekt it ferspriedingsgebiet fan 'e berchwetterrôt him út nei Midden-Dútslân, Lúksemboarch en de Belgyske Ardinnen. Ta einbeslút komt er ek foar yn Belgysk Limburch en it Nederlânske Súd-Limburch.
Beskriuwing
bewurkje seksjeBerchwetterrotten libje benammen yn gerslân, dêr't se krekt as mollen ûndergrûnske gongestelsels oanlizze, dy't men werom ken oan 'e "mollebulten" by de yngongen. Se libje fral fan plantaardich fretten. De berchwetterrôt ferskilt yn ferskate opsichten fan 'e wetterrôt, dêr't er nau mei besibbe is. Yn it foarste plak is er net, lykas de wetterrôt, oan wetter bûn, en kin er sadwaande sûnder swierrichheden hiele einen fan wetter ôf oerlibje en sels florearje. Fierders graaft de berchwetterrôt gruttere en djippere gongestelsels as de wetterrôt, dy't mei-inoar in lingte hawwe kinne fan wol 200 m (tsjin heechút 15 m by de wetterrôt). Ek ek is syn pels ljochter fan kleur en is er behindiger fan postuer, mei in gewicht fan 60-150 g, wylst de wetterrôt 130-200 g weaget.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |