Wetterskip Deinum
It Wetterskip Deinum wie in lyts wetterskip yn de gemeenten Baarderadiel en Menameradiel yn de provinsje Fryslân. It hie in oerflak fan 631 en letter 417 ha.
It wetterskip waard yn 1918 oprjochte as fuortsetting fan de partikuliere polder Deinumer Nieuwlandspolder. It doel wie it ferbetterjen fan de regulearring fan de wetterstân en it oanlizzen fan diken. Yn 1980 gie it wetterskip op yn De Middelsékrite
It gebiet fan it eardere wetterskip is sûnt 2004 part fan it Wetterskip Fryslân.