Wever (fisk)
De wever (Alburnus alburnus) is in fisksoarte dy 't falt ûnder de echte koarpers. De Wever is ek bekend ûnder de nammen: alver, alft en panhjerring en yn Flaanderen: spekje.
wever | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Alburnus alburnus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Algemien
bewurkje seksjeDe wever is in sydlings ôfplatte, sulvereftich fiskje dat wat stiif oandocht. By direkt sinneljocht falle ek parlemoereftige kleuren op dy't feroarsake wurde troch de protte guaninekristallen yn de skobben. De wever is in fisk dy 't yn skotten oan it oerflak fan it wetter libbet. Hy wurdt 20 - 25 sm lang. De fisk komt foar yn rivieren en marren. In wever fret benammen plankton en ynsekten, mar ek larven en wjirms.
Jonge wevers kinne maklik mei fetsjes betize wurde. De sydline by de wever is folslein, de anaalfin is wat langer en it lichem is sterk sydlings ôfplatte en de kop is puntich.
Ekologyske wearde
bewurkje seksjeDe wever is in skottenfisk dy 't bejage wurdt troch snoek, rôfblei, de snoekbears en bears. Yn it foarjier komme dizze fisken nei it oerflak om te ridzjen yn ûndjip wetter, faak mei in hurde ûndergrûn. Se wurde sawat 5 à 6 jier âld en se binne op harren tredde jier geslachtryp. Yn ûnderwetter planten wurdt de plakkerige kût lein. De wever is faak te finen yn grutte skotten foar de útgong fan gemalen, mar is ek wolris yn stilsteand wetter te finen.
Eartiids wie de wever tige algemien, tsjintwurdich hieltyd minder troch de fersmoarging fan syn miljeu. De opkomst fan de rôfblei sil ek ûngeunstich útpakke foar de stân fan de wever, fanwege kompetysje mei juvenile rôfblei en troch predaasje fan folwoeksen rôfblei.
Fiskerij
bewurkje seksjeDer wie in kommersjele fiskerij op wever foar de winning fan guaninekristallen, dy 't foar de produksje fan keunstpearels brûkt wurde kinne.
De sportfiskerij op wever is wichtich by wedstriden wêr't op oantal fiske wurdt. Tûke fiskers kinne dan hûnderten fisken fange. Wevers wurde ek as iesfisk brûkt.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Jonge Wever
-
Kop Wever mei parlemoerkleuren
Boarne
bewurkje seksje- Schreiner, J. - Encyclopedie Van De Sport Visserij. Amsterdam: Elsevier, 1960.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alburnus alburnus fan Wikimedia Commons. |