Whitehorse (Yukon)
Whitehorse is in stêd yn Kanada en ek haadstêd fan it Kanadeeske territoarium Yukon, sûnt 1952. Dat jier ferhuze it bestjoer fan Yukon fan Dawson City nei Whitehorse.
Whitehorse | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Territoarium | Yukon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 23.276 (2011) | |
Oerflak | 416,44 km² | |
Befolkingsticht. | 55,9 / km² | |
Stêdekloft | 8.488,91 km²; 26.028 | |
Hichte | 670–1.702 m | |
Oar | ||
Stifting | 1898, 1950 (stêd) | |
Tiidsône | Pasifyk (PST) (UTC-8) | |
Simmertiid | PDT (UTC-7) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.city.whitehorse.yk.ca | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Whitehorse yn de Yukon.
|
De namme Whitehorse komt fan in streamfersnelling (White Horse Rapids) yn de omkriten: it wyld skûmjend wetter die tinken oan wite, springende hynders.
Ferbiningen
bewurkje seksjeWhitehorse hat, nettsjinsteande syn isolearre lizzing, goede ferbiningen:
- de White Pass & Yukon Rûte (spoar);
- de Yukon (rivier): is mar 3 moannen it jier befarber, fan Whitehorse oant de mûning, it oarepart fan it jier is de rivier beferzen;
- de Alaska Highway (snelwei).
- Whitehorse International Airport (fleanfjild); mei 3 banen; waarvan de langste is 2895 meter lang. Lofthavenkoade is YXY.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe grutste wurkjouwers binne de iepebiere tsjinsten, dêrnei komt it toerisme. Westlik fan Whitehorse leit sa'n 12.500 ha lânbougrûn, it measte yn de Takhinidelling.
Klimaat
bewurkje seksjeWhitehorse hat, krekt as Yellowknife, in (sub)poalklimaat, it klimaat is ekstreem:
Trochstrings −22 °C yn jannewaris en 21 °C yn july. Simmers is it 20 oeren deis ljocht.
-
White Horse Rapids yn 1899
-
Whitehorse mei fleanfjild]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Whitehorse, Yukon fan Wikimedia Commons. |