Whitney Taylor, echte namme ûnbekend (yn Súd-Karolina, 21 febrewaris 1992), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Brooke Burgess en Amani Madsen. Hja sette yn 2011 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn inkele films, mar wie nammenste aktiver op it ynternet.

Whitney Taylor
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Brooke Burgess, Amani Madsen
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 febrewaris 1992
berteplak ? (Súd-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Taylor waard yn 1992 berne yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina, yn it Amerikaanske Suden. Yn 2011, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in sântal films spile, ûnder mear foar de foaroansteande studio Jules Jordan Video. Folle faker wie se lykwols yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Bang Bros en Brazzers. Njonken har aktearwurk is Taylor ek aktyf as neakenmodel en hat se mei fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden pronke.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Taylor is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Hja hat kupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Fierders hat Taylor in nâlpiercing, mar gjin tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: