Wicher van Swinderen
Jonkhear Wicher van Swinderen (Grins, 24 maart 1802 - Wybrandastate yn Hichtum, 7 augustus 1836) wie grytman, doktor yn de Letteren, rjochtsgelearde en steatelid.
Libben en wurk
bewurkje seksjeSoan fan jhr. Mr. Oncko van Swinderen, hear fan Rensuma, en fan Quirina Jacoba Johanna Gerlacius. Hy krige syn oplieding foar de akademyske lessen fan dûmny W.J. Koppius, te Blijham, en waard dêrnei studint yn Grins. Bejeftige mei mear as gewoane oanlis, gie hy in jier (1822) nei de hegeskoalle yn Göttingen, dêr't hy lessen yn de Skiednis, Wiisbegearte en Rjochtsgeleardheid bywenne en kaam doe werom nei de hegeskoalle yn Grins. Al yn 1819 en 1821 waarden twa fan syn akademyske priisferhannelingen te Grins bekroane t.w.: Over het gezag van den Areopagitischen raad in de onderscheidene tijden van het Atheensch gemeenebest, en: Vergelijking tusschen de te Verona ontdekte Instituten van Gajus en Justinianus van het begin tot aan den titel der voogdijen. 3 April 1824 promovearre hy yn Grins ta doktor yn de Letteren en de beide rjochten, nei ferdigening fan twa dissertaasjes, titele: De Aristotelis Politicorum libris, en De legatis.
Yn 1825 beneamd ta grytman fan Gaasterlân, yn 1826 lid fan de ridderskip fan Fryslân en yn 1829 wegens dy ridderskip lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dat jier lid fan it dykbestjoer oan de Súdkust fan Fryslân, ek yn dat jier presidint fan de milysjeried. Yn 1835 ferwiksele hy syn gritenij Gaasterlân mei dy fan Wûnseradiel. By al syn beslommeringen fergeat hy de stúdzje net. Neist yn boppeneamde wittenskippen, hie hy as numismaat en genealooch in goede namme. De godstsjinstige belangen en de maatskiplike wolfeart fan syn lânslju leine him nei oan it hert. Yn 1826 sette hy in preek oer fan de Dútske predikant Schmalz (troch dy foar syn gemeente Neustadt-Dresden yn 1825 hâlden by gelegenheid fan it betinkingsfeest fan de herfoarming) en joech dy learrede (wol sûnder syn namme der by te neamen) by Schetsberg yn Ljouwert yn it ljocht. Yn 1831 ferskynde mei te Ljouwert syn geskrift: Wat ons Nederlanders te hopen of te vreezen staat. Fan syn grutte kennis tsjûget in stúdzje: Overzicht der geschiedenis van de republiek Rhodus, geplaatst in ten Brink's Bibliotheek van oude letterkunde II, 305-308, 455, 456. Der wie fan him noch in soad foar de wittenskip te ferwachtsjen, mar hy stoar al doe't er 34 jier wie.
Troude yn Hichtum 26 maaie 1828 mei Christiana Helena Geertruida barones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg ( Hichtum, 21 febrewaris 1802 - Grins, 6 augustus 1874 ), dochter fan baron Johan Sicco Tjalling Camstra en fan Anna Adriana Lewe van Aduard. Ut dit houlik fiif bern, dy't allegear net-troud ferstoarn binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |