It Wide Hop is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in ûnderdiel fan it Prinses Margrietkanaal en leit besuden Suwâld. Oan de westkant komt it Van Harinxmakanaal út op it Wide Hop en oan de eastkant rint it Margrietkanaal troch de Wide Ie fierders yn de rjochting fan Burgum. Nei it suden rint it Prinses Margrietkanaal fierder troch it Foanejacht. It Ald Foanejacht leit yn it ferlingde fan het Wide Hop, nei it súdwesten, mar is der net mear mei ferbûn.

In hop of hoppe is in âlde namme foar in ynham.

De namme Wide Hop jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Hop.


Sjoch ek bewurkje seksje