Wiebe Kort
Wiebe Bauke Kort (Koartsweagen, 8 maaie 1944 — Appelskea, 24 febrewaris 2021) wie in Fryske hurdsiler, seilmakker en reedrydtrener.
Wiebe Kort | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wiebe Bauke Kort | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 8 maaie 1944 | |
berteplak | Koartsweagen | |
stjerdatum | 24 febrewaris 2021 | |
stjerplak | Appelskea | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | hurdsilen | |
ûnderdiel | Sechtjinkwadraat | |
earste titel | NK (1970) | |
ekstra | Reedrydtrener (1965 - 1980) |
Biografy
bewurkje seksjeKort helle as siler de bêste resultaten yn Sechtjinkwadraat klasse. Hy waard nasjonaal kampioen yn dy klasse yn 1970 tegearre mei Otto de Vries út De Gordyk yn ien fan de boaten dy't er sels makke hie. Fan 1963 ôf die er mei oan fyftich Snitswiken en wûn njoggen kear.
Hy wie reedrydtrener tusken 1965 en 1980 en trener fan de regionale seksje en letter fan Jong Oranje. Hy treende ûnder oaren Ria Visser, Alie Boorsma, Akke Falkena en Grietje van der Meer.
Kort begûn yn 1980 syn eigen seilmakkerij yn 'e mande mei Ruud Smits.
Kort wie 46 jier troud mei Jellie van der Schaaf. Sy krigen twa soannen: Thijs en Erik dy't ek silers wiene en ferskate prizen wûne. De lêste jierren fan syn libben waard syn sûnens minder. Hy stoar yn Appelskea yn de âldens fan 76 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|