Wierumer Opfeart
De Wierumer Opfeart is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart ferbynt Wierum mei de súd rinnende De Peazens west fan Bollingwier.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.
De namme Wierumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wierumeropvaart.