Sicco Mansholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Filmke
L st
Rigel 15:
Mansholt hie it ekonomysk tij mei en krige mei dêrtroch mar in bytsje krityk, sels lof foar syn belied fan de boere-organisaasjes, dy't meast part wienen fan de kristlike partijen. Op kongressen fan de Pvda liet er wol dúdlik syn foarleafde foar de [[sosjalisme|sosjalistyske]] [[grûnpolityk]] blike, mar as lid fan it regear socht er altyd it kompromis. Yn de ministerried stie er foar syn boeresaak en gie er konfrontaasjes net út de wei. Bygelyks wienen de begruttingsûnderhannelingen tige wichtich foar him; syn úthâldingsfermogen yn dy saken wie hast legindarysk.
 
Begjin jierren '50 begûn syn súksefolle lânboubelied der wat by yn te sjitten doe't oare lannen beskermjende maatregels foar harren lânbou namen. Mansholt krige doe foar it earst in mienskiplike Jeropeeske merk yn 't sin, dy't ek wol as de ''[[Green Pool]]'' oantsjutten waard. Syn ydeeën krigen lykwols fanwegen ynterne tsjinstellingen yn Jeropa mar in bytsje steunlyk, dat de ûnderhannelings hjiroer roannen op neat út yn 1953. Mansholt wie der lykwols fan oertsjûge dat in Jeropeeske merk de takomst hie en wie yn de Nederlânske rie fan ministers in fûl foarstanner fan [[Jeropeeske yntegraasje]]. Hy krige op 9 oktober 1956 fan de [[Wageningen University & Research|Lânbou Hegeskoalle]] yn [[Wageningen]] in earedoktoraat foar syn fertsjinten. Om dy tiid hinne rekke de lânbou lykwols wat yn it delgean en krige Mansholt yn de Twadde Keamer faak it ferwyt dat it syn skuld wie omdat er mear krewearje soe foar Jeropeesk- as nasjonaal lânboubelied. Syn politike tsjinstanner ferwiten him fierders dat syn klankboerd fan politike adviseurs, om kontakt mei syn doelgroep te hâlden, meast PvdA-ers, harren tefolle mei de polityk 'bemuoiden'. As lêste waard syn posysje yn it kabinet noedlik út reden fan syn 'ôfwikende opfettings' en de solo-aksjes dy't er útfierde. Doe't Mansholt lang om let syn Jeropeeske funksje besette, soe [[Willem Drees]] tsjin in kollega sein hawwe "Lokkichernôch binne wy him eindlik kwyt".
 
== Jeropeeske Kommisje ==