Kristoffel Kolumbus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
-stobbe
L st
Rigel 6:
Kolumbus waard (wierskynlik) berne yn 1451, yn de Italjaanske havenstêd Genua oan de [[Ligurje|Liguryske]] kust.
 
Kolumbus gie oan 't wurk as keapman by in Italjaansk hannelsbedriuw, wêrfoar't hy nei ferskate lannen bylâns de [[Middellânske See]] fear. Yn [[1476]] spielde Kolumbus op de Portugeeske kust oan neidat syn skip yn in seeslach tusken Genua en [[Portegal]] sonken wie. De tiid dy't hjirop folget is Portegal syn thúshaven en reizget hy op Portugeeske skippen de kust fan [[Afrika]] bylâns. Hy hopet sa [[Yndia]] te berikken.
 
Kolumbus komt ek yn de kunde mei ferskate wittenskippers, wêrunder [[Paolo dal Pozzo Toscanelli]], en hy rekket dêrfan oertsjûge dat it mooglik wêze moat om Aazje te berikken troch nei it westen te farren. By it Portugeeske hof krijt hy hjirfoar gjin stipe ek om't de Portugezen al in protte súkses hawwe by harren reizen bylâns de Afrikaanske kust. Dêrom giet hy nei Spanje wêr't hy fan [[Isabella fan Kastylje|keninginne Isabella]] nei lang twifeljen tastimming en middels krijt om syn plan út te fieren.