Möhlenwarf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 29:
Sûnt de 18e iuw fêstigen de earste bewenners harren yn it plak. Ynearsten hearde it tsjerklik noch by Weener en yn 1727 komt it plak foar it earst yn de tsjerkeboeken fan Weener foar. Möhlenwarf is net boud op in terp, sa't de namme mei de útgong ''warf'' (in keunstmjittich opsmiten hichte) tinke lit, mar op natuerlike hichte tusken Weener en [[Bunde (Dútslân)|Bunde]]. It wurd "Möhlen" yn de namme ferwiist nei de lytse hjouwermûne, dy't eartiids yn it fermidden fan de doedestiids lytse boeremienskip fan fiif húzen stie.
 
Nei't East-Fryslân yn it jier 1744 oan [[Prusen]] foel, waard der in begjin makke mei it oanmeitsjen fan it omlizzende fean. Dit soarge foar in ekonomyske ympuls, dy't ta gefolch hie dat it tal ynwenners tanaam. Doe't de wei nei Möhlenwarf yn it midden fan de 19e iuw ferhurde waard groeide de befolking op 'e nij. Lykwols betsjutte dat ek dat de perselen agrarysk te brûken grûn mei de tiid jimmeroan lytser waarden. Hjirtroch ferearme de befolking en moasten hja harren libbensûnderhâld tenei as arbeiders by de boerebedriuwen yn it Reiderlân fertsjinje.
 
De sitewaasje waard better doe't it spoar [[Lier (stêd)|Lier]]-[[Nijeskâns]] oanlein waard en Möhlenwarf in stasjon krige. Mei it frachtferkear dat it stasjon meibrocht naam de ekonomyske betsjutting fan Möhlenwarf no wer ta. Njonken in protte lytse bedriuwkes krige it plak ek twa nije mûnen.