Willem Suringar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
13
L st
Rigel 5:
Fan 1850 oant 1855 studearre Suringar [[genêskunde]] oan de [[Ryksuniversiteit Leien]], dêr't er ek ûnderrjocht yn de [[botany]] krige. It lêste jier fan syn stúdzje folge er ek les yn de [[mikroskopy]] oan de [[Ryksuniversiteit Utert]] by [[Pieter Harting (biolooch)|Pieter Harting]]. Op 13 maart 1857 promovearre er [[cum laude]] oan de Ryksuniversiteit Leien en waard dêr itselde jier noch bûtengewoan heechlearaar yn de [[botany]].
 
Neidat hortusdirekteur [[Willem Hendrik de Vriese]] yn 1857 foar ûndersyk nei [[Nederlânsk-Ynje]] gie, wie Suringar syn waarnimmer by de [[Hortus botanicus Leiden]]. Koart nei it fuortgean fan De Vriese waard Suringar al konfrontearre mei de anneksaasje fan grûn fan de hortus, dy't ûnder direkteur [[Sebald Justinus Brugmans]] noch kocht wie, foar de bou fan de [[Stjerrewacht Leien]]. Neidat De Vriese yn jannewaris 1862 stoar, noch gjin jier nei syn weromkommen út Ynje, waard Suringar definityf beneamd as hortusdirekteur en gewoan heechlearaar yn de botany. Suringar wurke dêr gear mei syn rjochterhân, hortulanus [[Heinrich Witte]]. Yn 1864 waard syn soan Jan Suringar berne, dy't letter syn namme feroare yn [[Jan Valckenier Suringar]] (1864-1932). Nei de dea fan herbariumdirekteur [[Friedrich Anton Wilhelm Miquel|F.A.W. Miquel]] yn 1871 naam Suringar ek de taak fan direkteur fan it Ryksherbarium op 'e noed.
 
Suringar stichte in botanyske skoalle yn Leien; ferneamde studinten wiene dêr [[Hugo de Vries]], [[Martinus Willem Beijerinck|M.W. Beijerinck]] en [[Melchior Treub]]. Suringar wie in prominint lid fan de ''Nederlandsche Botanische Vereeniging'', dy't har doetiids benammen dwaande hold mei de lânseigen [[floara]] fan Nederlân. Yn 1870 publisearre er syn ''Handleiding tot het bepalen van de in Nederland wildgroeiende planten'' dat útjûn waard troch syn heit. Dit súksesfolle boek ferskynde fan de fjirde printinge ôf ûnder de titel ''Zakflora'' (1880); tusken 1870 en 1920 ferskynden trettjin drukken.