Falentinianus II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
L st
 
Rigel 8:
Letter doe't Falentinianus folwoeksen wie, hie hy net folle macht. Feitlik wie it syn mem dy't foar him it ryk bestjoerde. Syn posysje waard fierder ûndermine doe't yn [[383]] [[Magnus Maksimus]], de legerlieder fan [[Brittanje]] yn opstân kaam en Gratianus fermoardzje liet. Om Maksimus tsjin te hâlden waard [[biskop]] [[Ambrosius fan Milaan]] der op út stjoerd om oer frede te ûnderhanneljen. Yn de tuskentiid liet [[Magister militum]] [[Bauto]] de Alpenpassen fersterkje. Tusken de beide keizers waard in oerienkomst tekene, wêrtroch Maksimus akseptearre waard as legitime keizer en oer in grut part fan it westlik ryk meiregeare koe.
 
Yn [[387]] foel Maksimus lykwols [[Itaalje]] yn en moast Falentinianus de keizer fan it easten [[Teodosius de Grutte|Teodosius I]] om help freegje. Dizze fersloech Maksiminus yn [[388]] en dêrmei wie Falentinianus wer allinnich keizer oer it hiele westlike ryk; yn namme wol te ferstean, want de feitlike machthawwer wie keizer Teodosius. Teodosius bleau in skoft yn it westen en sette it easten yn [[391]]. Syn oerbefelhawwer fan it leger [[Arbogastes]] liet er efter yn it westen, fermoedlik om Falentinianus yn 'e gaten te hâlden. Dizze mocht dit net lije en bekleide him deroer by Theodosius, mar dizze hie der gjin earen nei. Op [[15 maaie]] [[392]] waard Falentinianus dea fûn yn syn paleis, wierskynlik hie hy selsmoard plege.
 
== Keppeling om utens ==