Dionysius fan Parys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
L st
Rigel 58:
Al gau nei syn dea sette de ferearing fan Dionysius útein. Yn de rin fan de tiid waard Dionysius de beskermhillige fan it Frânske folk, mei Sint-Loadewyk as patroanhillige fan de monarchy. Karakteristyk wie de kriichsgjalp "''Saint Denis''" of "''Montjoie! Saint Denis!''" foar de Frânske striidkrêften. De Oriflamme, in Frânsk haadfindel, wie eartiids it offisjele standert fan Frânske kenings en waard konsekrearre oer de tombe fan Dionysius. Nei't [[paus Stefanus II]] de ferearing fan Dionysius ek yn Rome yntrodusearre ûntstie der yn hiel Jeropa in Dionysius-kultus. De hillige biskop is tsjintwurdich mei [[Genoveva fan Parys|Sint-Genoveva]] de patroanhillige fan Frankryk's haadstêd Parys.
 
Dionysius is ien fan de fjirtjin needhelpers. De feestdei is 9 oktober. Hy wurdt oanroppen tsjin pine yn 'e holle en dwylsinnigens, by hûnebiten en syfilis en longsyktes.
 
== Ikonografy ==