East-Frânsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 29:
Nei it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]] waard [[Midden-Frânsje]] ferdield, dêr't [[Loataringen]] en [[Fryske Ryk|Fryslân]] ferdield waarden tuske East- en West-Frânsje. It koart libjende Midden-Frânsje bleau oant yn de [[tweintichste iuw]] it toaniel fan Frânsk-Dútske oarloggen.<br/>
Al de Frankyske gebieten wiene foar in koart skoftke werienige ûnder keizer [[Karel de Grouwe]], mar dy waard yn [[888]] ôfsetten en doe waard [[Arnulf fan Karintje]] yn East-Frânsje as kening keazen. De hieltyd mear ôfnimmende krêft fan de keninklike macht yn East-Frânsje, betsjutte dat de hartoggen fan [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] fan de beneamde [[eallju]] erflike hearskers fan harren gebieten waarden. Keningen hiene gauris mei pleatslike rebûljes te krijen.<br/>
Yn [[911]] woene Saksyske, Frankyske, Beierske en Swabyske eallju net langer in Karolinger as kening kieze en hja keazen op [[10 novimber]] 911 ien fan harren eigen as kening. Om't [[Koenraad I fan Franken]] ien fan de hartoggen wie, hie er it dreech en bewarje de macht oer harren. Hartoch [[Hindrik de Fûgelder]] fan Saksen kaam yn opstân tsjin him oant [[915]]. De striid tsjin hartoch [[Arnulf I fan Beieren]] koste Koenraad it libben. Op syn stjerbêd keas er Hindrik de Fûgelder fan Saksen as syn opfolger. It keningskip gie fan Frankyske hannen oer op Saksyske, dy't yn de [[Saksekriich]] fan [[Karel de Grutte]] in soad laat hiene. Hindrik waard lykwols allinne befêstige troch Saksen en Franken yn [[Fritzlar]] en moast erkenning ôftwinge fan de oare hartoggen, dêrmeiwêrmei't er in steatsynrjochting skoep dy't alhiel brûkt waard troch syn soan [[Otto I fan it Hillige Roomske Ryk|Otto I]]. Oant syn dea yn july [[936]], hat Hindrik de ynstoarting fan de keninklike macht tefoaren witte te kommen, soks dat yn West-Frânsje barde, en liet in folle sterker keninkryk efter oan syn opfolger Otto I. Doe't Otto yn [[962]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] ta keizer kroand waard, tsjutte dat it begjin oan fan it [[Hillige Roomske Ryk]].
 
==Namme==