Natueriis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
red/oanf (kepp nei boarne)
Rigel 13:
* ''Fondantiis'' - min skomiis mei in soad brobbeltsjes en wat krêmich fan kleur. Der falt min op te riden, de redens snije der yn sadat men gau falt.
[[Ofbyld:Gersiis 47.JPG|thumb|''gersiis'']]
* ''Gersiis'' - as stikjes gers troch it iis hinne stekke. Benammen op lâniis as der lang gers ûnder groeit. FerdampingSublimaasje en slitaazje kinne ek soargje dat it gers oan it oerflak komt.
* ''Grûniis'' - ûntstiet yn beweechlik net te djip wetter as de temperatuer hurd sakket. Yn it tsjokke wetter foarmje har iispylkjes. As dy massaal en klompsgewiis boppedriuwen komme, ûntstiet in út losse dielen opboude iisflier dy't oan de ûnderkant hurd oangroeie kin. It troebele grûniis is faak tige sterk en der kin goed op riden wurde.
* ''Healsliten iis'' - iispakket út in eardere froastperioade dat weromkomt yn in nije iisflier, wol sterk, mar net egaal. Troch teien ûntsteane faak rûne gatten en dobkes yn it âlde iis. Se freegje omtinken fan reedriders.
* ''Hynste-iis'' - twa betsjuttings: betrouber iis dat sterk genôch is om der mei hynders op te gean óf yn de betsjutting fan min iis. Reedriders kinne der net goed op ride, mar hynders mei of sûnder beslide kinne der wol op rinne.
* ''Izeliis'' - der leit in laachje izel op it iis. It oerflak is wat ûnigaal. As der genôch izel opéop 'e dyk falt kin ek op strjitten riden wurde. It izellaachje slyt der wol hurd ôf.
* ''Jarre-iis'' - iis yn de jarresleat by de dongbult. It iis is net betrouber en kin omraken stjonke.
* ''Keunstiis'' - iis dat keunstmjittich makke is op keunstiisbanen. It is tige glêd en sljucht.
* ''Kistwurk'' - as iopop marren en grutte plassen de wyn oanhellet skowe grutte skossen by elkoar op. It binne gefaarlike plakken foar reedriders.
* ''Kwalsteriis'' - Min iis mei in ûneffen boppelaach. Untstiet by wikseljend friezen en teien. De beferzen dridze soarget foar in soad falpartijen fan reedriders. De izers snije djip yn 't iis.
* ''Nachtiis'' - iis sûnder wryt of slyt en dus ek by nacht betrouber.
* ''Pakiis'' - op-inoar pakt driuwiis fan in grut oerflak.
* ''Ridersiis'' - iis dat geskikt is om op te riden.
* ''Roffeliis'' - of 'waarme-fuotten-iis'. Untstiet as rommer wetter yn ien dei tichtfriest by winich waar. Troch de bewegende weachjes ûntsteane roffels op it iis. Derfalt min op te riden en op guon plakken kin der wolris klúnd wurde moatte.
* ''Sân- en stofiis'' - op it iis leit in laachje sân of stof, meast út it easten. It is troch de wyn oer it iis jage en makket de redens stomp.
Rigel 33:
* ''Soaliis'' - stikkenfearn iis yn it farwetter. Oer it iis kin as de froast knap tabakt hat wol berûn mar hast net beriden wurde.
* ''Souderiis'' - ek ''buordpapieren souder'', in iislaachje mei wetter der ûnder en dêrnei in twadde iislaach.
* ''Swart iis'' - of spegeliis/glydiis is hurd en glêd iis fan stabile kwaliteit. Troch de trochskinnendheidtrochskinendheid liket it iis swart.
* ''Tei-iis'' - iis dat nei in tei-ynfal skûl giet ûnder in laachje wetter. It hinget fan de iissoarte derûnder ôf oft der noch op riden wurde kin. Op bûtenwetter is it nuodlik om oer te riden. Iis teit faak folle hurder as dat wetter befriest.
* ''Wurkiis'' - iissoarten dêr't net goed op riden wurde kin, der't op bealge wurde moat om foarút te kommen op redens.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [[Ljouwerter Krante]], Sneon & Snein, 11 febrewaris 2012, side 6-7, Cor de Boer: ''[https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=20120211&v2=true&id=LC-20120211-NO04006002 De week van het ijs]''
}}
[[Kategory:Reedriden]]