Hynstefleismars: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 20:
Under de simmerkampanje [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] besocht it [[Amerikaanske Leger]] om 'e opstannige [[Lakota (folk)|Lakota]], en harren bûnsgenoaten, de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]], fan trije kanten ôf yn 'e skjirre te nimmen. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan [[kolonel]] [[John Gibbon]], dy't op [[30 maart]] ôfsette út [[Fort Ellis]]. Ut it easten wei kaam [[brigadegeneraal]] [[Alfred Terry]] mei de Dakota-kolonne út [[Fort Abraham Lincoln]], dy't op [[17 maaie]] ôfsette. En út it suden teach op [[29 maaie]] [[brigadegeneraal]] [[George Crook]] op, mei de Wyoming-kolonne út [[Fort Fetterman]].
 
Op [[17 juny]] waarden de troepen fan Crook lykwols tsjinkeard yn 'e [[Slach oan de Rosebud]], wêrnei't dy in skoft op dat plak stilhâlde moasten en effektyf útskeakele wiene. Dat liet romte foar de ferpletterjende nederlaach dy't de [[Yndianen]] op [[25 juny]] yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]] tabrochten oan it [[Amerikaanske 7e KavaleryregimintKavaleryrezjimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]], dat it meastepart fan Terry syn troepemacht omfieme. Pas nei't er fersterkings en nije foarrieden ûntfongen hie, koe Crook yn begjin [[augustus]] syn opmars fuortsette, mar tsjin dy tiid hiene de Yndianen har al yn lytse troepkes opspjalten en wiene se alle kanten útspatten.
[[File:Soldiers cutting up abandoned horse.png|left|thumb|200px|[[Soldaat|Soldaten]] slachtsje in [[hynder]] ûnder de Hynstefleismars.]]
 
==De fjildtocht==
Crook stie oan it haad fan in troepemacht fan sa'n 2.200 man, besteande út 1.500 man [[kavalery]] en 450 man [[ynfantery]]. De kavalery omfieme de Kompanjyen A, B, D, E en I fan it Amerikaanske 2e KavaleryregimintKavaleryrezjimint, de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, L en M fan it 3e KavaleryregimintKavaleryrezjimint ûnder [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Anson Mills]] en de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, K en M fan it 5e KavaleryregimintKavaleryrezjimint ûnder [[luitenant-kolonel]] [[Eugene A. Carr]]. Crook syn ynfantery waard foarme troch de Kompanjyen D, F en G fan it 4e YnfanteryregimintYnfanteryrezjimint, de Kompanjyen C, G en H fan it 9e YnfanteryregimintYnfanteryrezjimint en de Kompanjyen B, C, F en I fan it 14e YnfanteryregimintYnfanteryrezjimint. Fierders hie Crook 240 Yndiaanske [[ferkenner]]s by him, en teffens in groep boargerwurknimmers fan it Leger, wêrûnder de blanke ferkenners [[Frank Grouard]], [[John Wallace Crawford]] (byneamd 'Captain Jack'), [[Baptiste Pourier]] (byneamd 'Big Bat') en [[Baptiste Garnier]] (byneamd 'Little Bat'). Ek ferskate [[sjoernalist]]en, lykas [[Robert Edmund Strahorn]] en [[John F. Finerty]], hiene har by Crook syn troepen jûn.
 
It wie Crook syn opdracht en bedoeling om 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen dy't ferantwurdlik wiene foar de pynlike Amerikaanske nederlaach yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]], op te spoaren en mei har ôf te weven. De Yndianen wiene lykwols nearne te bekennen, en doe't Crook by min [[waar]] mei swiere [[rein (delslach)|reinfal]] út súdlik [[Montana]] wei opteach nei it easten, yn 'e rjochting fan 'e [[Black Hills]] fan 'e [[Dakota's]], koene syn troepen mar stadich foarút komme fanwegen de [[drek]]kige omstannichheden. Troch de breklike tarissing en de opmars dy't folle stadiger gie as ferwachte, rekken de rantsoenen op, en wiene de [[soldaat|soldaten]] úteinlik twongen om harren eigen [[hynder]]s op te iten om net te [[ferhongering|ferhongerjen]].