Gefjocht by Drexel Mission: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 18:
 
==Gefjocht==
Op [[29 desimber]] [[1890]] rjochte it [[Amerikaanske 7e KavaleryregimintKavaleryrezjimint]] ûnder lieding fan [[kolonel]] [[James W. Forsyth]] yn it ramt fan 'e [[Geastedûnsoarloch]] it kweaferneamde [[Bloedbad fan Wounded Knee]] oan ûnder oanhingers fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] [[geastedûns]]beweging dy't yn 't foar grutdiels ûntwapene wiene. Under barre [[winter]]ske omstannichheden hie dat 297 deaden ta gefolch, meast [[frou]]lju en [[bern (persoan)|bern]].
 
In dei letter, op [[30 desimber]], krige Forsyth berjocht dat in groep Lakota Drexel Mission, in [[roomsk-katolisisme|roomske]] missypost, yn 'e brân stutsen hiene. Dêrop teach er mei acht [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] [[kavalery]] en in [[ôfdieling (militêre ienheid)|ôfdieling]] [[artillery]] op nei de missypost om dy te ûntsetten en om 'e Yndianen te bestraffen. Yn 'e [[delling]] fan it [[beek]]je de White Clay Creek, likernôch 24 km benoarden it [[Pine Ridge (Súd-Dakota)|Pine Ridge-agintskip]], kamen de Amerikaanske troepen ûnder fjoer te lizzen fan wat nei alle gedachten in groep [[Brulee]]-[[kriger]]s ûnder lieding fan it [[opperhaad]] [[Slacht-Twa]] wie, dy't earder dy moarns ek in wraam dien hiene op 'e [[bagaazjetrein]] fan it Amerikaanske 9e KavaleryregimintKavaleryrezjimint.
 
De Brulee besetten de hichten mei útsjoch oer de delling, mei as gefolch dat de 7e Kavalery yn 'e bedelte ûnder harren dekking sykje moast en fêst kaam te sitten. Hoewol't it ien kompanjy, ûnder it befel fan [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Charles Varnum]], slagge en lûk him feilich werom, koe it grutste part fan 'e Amerikanen foar- noch efterút. Der kaam in detasjemint fan it 9e KavaleryregimintKavaleryrezjimint ûnder lieding fan [[majoar]] [[Guy V. Henry]], dat út [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] ''[[buffalo soldiers]]'' bestie, byneamd ''Henry's Brunettes'', oan te pas om 'e 7e Kavalery te ûntsetten. Neitiid slagge it de 7e en 9e Kavalery mei-inoar om 'e Brulee út harren posysjes op 'e hichten te ferdriuwen.
 
==Neisleep==