Gefjocht by Drexel Mission
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It Gefjocht by Drexel Mission (Ingelsk: Drexel Mission Fight) wie in wapene konfrontaasje tusken it Amerikaanske Leger en Lakota-Yndianen, dy't plakfûn op 30 desimber 1890 yn it Pine Ridge Yndianereservaat, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Dit barren makke diel út fan 'e Geastedûnsoarloch, dy't it slútstik fan 'e Sû-Oarloggen foarme.
Gefjocht
bewurkje seksjeOp 29 desimber 1890 rjochte it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan kolonel James W. Forsyth yn it ramt fan 'e Geastedûnsoarloch it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee oan ûnder oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging dy't yn 't foar grutdiels ûntwapene wiene. Under barre winterske omstannichheden hie dat 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.
In dei letter, op 30 desimber, krige Forsyth berjocht dat in groep Lakota Drexel Mission, in roomske missypost, yn 'e brân stutsen hiene. Dêrop teach er mei acht kompanjyen kavalery en in ôfdieling artillery op nei de missypost om dy te ûntsetten en om 'e Yndianen te bestraffen. Yn 'e delling fan it beekje de White Clay Creek, likernôch 24 km benoarden it Pine Ridge-agintskip, kamen de Amerikaanske troepen ûnder fjoer te lizzen fan wat nei alle gedachten in groep Brulee-krigers ûnder lieding fan it opperhaad Slacht-Twa wie, dy't earder dy moarns ek in wraam dien hiene op 'e bagaazjetrein fan it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint.
De Brulee besetten de hichten mei útsjoch oer de delling, mei as gefolch dat de 7e Kavalery yn 'e bedelte ûnder harren dekking sykje moast en fêst kaam te sitten. Hoewol't it ien kompanjy, ûnder it befel fan kaptein Charles Varnum, slagge en lûk him feilich werom, koe it grutste part fan 'e Amerikanen foar- noch efterút. Der kaam in detasjemint fan it 9e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan majoar Guy V. Henry, dat út Afro-Amerikaanske buffalo soldiers bestie, byneamd Henry's Brunettes, oan te pas om 'e 7e Kavalery te ûntsetten. Neitiid slagge it de 7e en 9e Kavalery mei-inoar om 'e Brulee út harren posysjes op 'e hichten te ferdriuwen.
Neisleep
bewurkje seksjeYn in ûndersyk nei de gong fan saken yn it Gefjocht by Drexel Mission hie generaal-majoar Nelson A. Miles, Forsyth syn superieur, gjin goed wurd oer foar Forsyth syn dwaan en litten. Yn 't bysûnder utere er der krityk op dat Forsyth himsels yn 'e delling yn 'e pine sette litten hie, wat foarkommen wêze koe as er ferkenners foar syn haadmacht útstjoerd hie. Miles foege dizze konklúzjes as in taheakke ta oan syn ûndersyk nei Forsyth syn hâlden en dragen oangeande de Bloedbad fan Wounded Knee, dêr't er ek al net myld oer wie. De Amerikaanske minister fan Definsje Redfield Proctor skode lykwols beide ûndersiken oan 'e kant en spriek Forsyth frij fan alle oanklachten, sawol wat it Bloedbad fan Wounded Knee oangong, as wat it Gefjocht by Drexel Mission oanbelange.
Oan trije Amerikaanske militêren waard neitiid de Medal of Honor, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, takend foar harren rol yn it Gefjocht by Drexel Mission. Dat wiene kaptein Charles Varnum, sersjant 1e klasse Theodore Ragnar en soldaat Richard J. Nolan. Krapoan trije desennia letter waard fierders oan twadde luitenant Sedgwick Rice foar syn rol yn it gefjocht noch in Distinguished Service Medal taparte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |