Engaging the Enemy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 48:
Op Cascadia hâldt Furman no ynienen út dat Ky net de wiere Kylara Vatta is, mar dat se in dochter fan Osman Vatta wêze moat dy't har foardocht as Ky, om't hy wit dat Ky omkommen is by de oanfallen op Vatta Enterprises. Dy bewearing smyt in protte swierrichheden op foar Ky, mei't dat net kontrolearre wurde kin om't de ''ansibles'' it net dogge. De Cascadiaanske autoriteiten sette har dêrom, hiel hoflik, fêst op har eigen skip. As Stella by de Moscoe Konfederaasje arrivearret is se skokt as se Furman syn oantigings heart, mar se is ek noch altyd lulk op Ky. Wylst de trage ''Gary Tobai'' stadich troch it planetestelsel nei Cascadia fart, fine Ky en Stella los faninoar bewiismateriaal dat Furman al jierrenlang temûk gearwurke hat mei Osman. By de behanneling fan 'e [[rjochtsaak]] oangeande Ky har identiteit bewiist [[genetika|genetysk]] materiaal fan Osman dat Ky net nau oan him besibbe is... mar dat Stella krekt àl syn dochter is. It docht bliken dat Ky har heit en omke wisten dat Osman lofts en rjochts [[oerwûne bern]] efterliet, en dat se war diene om dy bern, dy't ommers leden fan 'e Vatta-famylje wiene, te finen en troch oare leden fan 'e famylje [[adopsje|adoptearje]] te litten. Stella (dy't dêr neat fan ôfwist) wie ien fan dy bern, adoptearre troch Ky har omke Stavros sels.
 
De Cascadiaanske [[rjochter]] oardielet dat der gjin bewiis is dat Ky har identiteit ferfalske hat, en dat it ûnferwachtse nijs oer Stella har komôf foar de rjochtsaak fierders totaal yrrelevant is. Furman ûntstekt dan yn grutte razernij en mislediget net inkeld Ky, mar ek de rjochter, wêrmei't er syn glêzen wolfergoed yngoaid. Sok gedrach wurdt nammentlik yn 'e Moscoe Konfederaasje net dulde. Furman wurdt dan ek daliks [[arrestarrestaasje|arrestearre]]earre foar it útbringen fan swiere [[mislediging]]s, dêr't er de [[deastraf]] foar kriget. Ky kin dan sûnder folle fierdere swierrichheden ek de ''Katrine Lamont'' yn besit nimme, dy't se neitiid oerdraacht oan Stella. As dy wer wat bekommen is fan 'e klap dat har âlden har [[biologyske âlden]] net wiene, beslút dy nammentlik om fan Cascadia ôf Vatta Enterprises wer op te bouwen. Ky lit dat oan har oer en leit har der sels op ta om har dream fan in ferbûn fan kapers ta wurklikheid te meitsjen en mei de piraten ôf te weven.
 
Mei Argelos, dy't har efterneireizge is nei de Moscoe Konfederaasje, jout Ky har by in groepke fan yn totaal sân skippen dat gearbrocht is troch Petrea Andreson, in kaper út it troch de piraten besette Bissonet. Hoewol't Ky tinkt dat sysels, mei har [[oplieding]] oan 'e militêre akademy, better ûnderlein is om 'e float te lieden, jout se har del ûnder it liederskip fan 'e tritich jier âldere Andreson. As se oefenings hâlde, docht lykwols al rillegau bliken dat dat in flater is. Andreson hat gjin liederskapasiteiten en snapt neat fan maneuvers mei mear as ien skip. Om it noch minder te meitsjen komt ien fan 'e sân skippen, fan in kaptein Ernst Muirtagh, nea opdaagjen op it plak dêr't de oefenings holden wurde, en Ky fermoedet dat Muirtagh ûnder ien tekken skûle mei de piraten, wat betsjutte soe dat dy no alle geheimen fan Ky har groep witte. Har frees wurdt wier as de seis oerbleaune skippen ûnferwachts oanfallen wurde troch de piraten. Trije kaperskippen, wêrûnder Andreson harres, wurde ferneatige, mar Ky wit har eigen ''Vanguard'', Argelos syn ''Sharra's Gift'' en de ''Bassoon'' fan Dan Pettigrew út 'e fal te lieden en te ûntsnappen.