Akwatint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 5:
 
== Metoade ==
Foar akwatint wurdt in [[Koper (elemint)|koperen]] of [[Sink (elemint)|sinkplaat]] brûkt. Dy plaat wurdt tradysjoneeltradisjoneel (as by in line-ets) folslein oppoetst en de skerpe rânen wurde der ôf helle. Dêr wêr’t by etsen in nudle brûkt wurdt om linen yn de fernislaach op de plaat te meitsjen, brûkt akwatint de [[harslaach]] dy’t de plaat beskermet of bleat lit. Dat hars wurdt yn kerrels of poeier op de plaat brocht yn in stokast en dêrnei egaal ferwaarme, wêrtroch it hars oan de plaat fêstraant. Troch it brûken fan mear of minder hast ûntstiet de winske tsjokte fan de ôfdeklaach. De hars kin oer it [[Soer (skiekunde)|soer]] dat brûkt wurdt om de tekening yn te biten. As alternatyf kin asfalt brûkt wurde. Op de plakken dêr’t it hars de plaat net beskermet, kin it etssoer de plaat ‘oantaaste’ of ynbite. Om folslein wite flakken te krijen, kinne jo ek stikken fan de plaat bedekke mei in materiaal (bygelyks etsfernis) dat it soer folslein tsjinhâldt.
 
As de bestode of bespuite etsplaat yn in etsbad lein wurdt, byt it etssoer om de harspuntsjes, want dy binne resistint tsjin it etssoer. Wat langer de plaat yn it bad lizzen bliuwt, wat djipper de plaat ynbiten wurdt. Troch tuskentiids stikken fan de plaat ôf te dekken mei ôfdekfernis en de oare stikken langer ynbite te litten, kinne jo ferskillende nuânses krije. By it ôfslaan fan de plaat by it preparaasjeproses en it inktsjen fan de plaat bliuwt de inket yn de ynbiting sitten en wurdt dy by it drukken oerset op it papier.