Narvik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 25:
[[Ofbyld:Lapland1940.png|left|200px|thumb|Izererts út [[Kiruna]] en [[Malmberget]] wurdt oer it spoar nei de havens fan [[Luleå]] en Narvik ferfierd.<br /><small>(grinzen fan 1920–1940.)</small>]]
[[Ofbyld:Narvik burning WW2.png|thumb|left|Narvik, april 1940]]
'''Narvik''' is in stêd en in [[Narvik (gemeente)|gemeente]] yn de provinsje [[Nordland (provinsje)|Nordland]] yn [[Noarwegen]]. It plak dat yn [[1902]] stedsrjocht krige, hie yn [[2005]] 18.512 ynwenners. Mei syn lokaasje op 68° [[Breedtegraad|noarderbreedte]] is er nei it [[Ruslân|Russyske]], krekt wat noardliker lizzende [[Moermansk]], de meast noarlike stêd yn [[Europa]] mei in spoarstasjon. Narvik leit oan de Narvik Fjord (''Ofotfjord''). De gemeente is part fan de tradysjoneletradisjonele regio Ofoten yn Noard-Noarwegen.
 
Narvik mei syn iisfrije haven oan de waarme [[Golfstream]], wie in spearpunt by de Dútske ynvaazje fan Noarwegen yn april [[1940]]. Ut Narvik wei koe izererts út it neutrale [[Sweden]] nei Dútslân (fral [[Emden]]) ferfierd wurde. Narvik is ek letter yn de [[Twadde Wrâldkriich]] geregeldwei bombardearre troch de [[Alliearden]] en de Dútsers om de haven te blokkearjen as wol om him frij te hâlden foar de skipfeart nei Dútslân.