Fammesuveringsmyte: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ts |
st |
||
Rigel 1:
De '''fammesuveringsmyte''' of yn it [[Ingelsk]] de '''''virgin cleansing myth''''' is it ûnwiere leauwe dat in man dy't ynfektearre rekke is mei [[HIV]], [[AIDS]] of in oare [[seksueel oerdraachbere sykte]] genêzen wurde kin troch [[seksuële mienskip]] te hawwen mei in famke dat noch faam is. Dizze myte libbet yn beskate dielen fan [[Afrika]], benammen yn [[Súd-Afrika]] en [[Simbabwe]], en yn mindere mjitte yn [[Sambia]] en [[Nigearia]]. It is ûnbekend hoe't men by dit fabeltsje komt, mar it is in feit dat der allinnich yn Súd-Afrika al miljoenen mannen binne dy't it leauwe, wylst it yn it oanswettende Simbabwe geande holden wurdt troch
Neffens [[psycholooch]] [[Mike Earl-Taylor]] giet de myte werom op in leauwe dat foar it earst yn it [[Jeropa]] fan 'e [[sechstjinde iuw]] de kop opstiek, en dat fannijs yn it [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[Viktoriaanske tiid|Fiktoriaanske]] [[Ingelân]] opdoek as in genêswize foar [[syfilis]] en [[gonorroe]]. Der binne ferslaggen fan 'e farianten fan 'e myte út ferskate tiden yn Afrika besuden de [[Sahara]], [[Aazje]], Jeropa en [[Noard-Amearika|Noard-]] en [[Súd-Amearika]]. [[Histoarikus]] [[Hanne Blank]] tinkt dat it ferhaaltsje mooglik fuortkomt út 'e [[leginde]]n oer [[kristendom|kristlike]] fammen dy't de [[martelder|marteldea]] stoaren, en wa harren bloed oft sa suver wie dat it tsjinje koe as in foarm fan beskerming as foarfjochters fan 'e Tsjerke it tsjin [[demon|demoanen]] opnommen.
|