Radersma (oargelbouwers): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
red
Rigel 6:
'''Jan Reinders Radersma''' ([[Wiuwert]], [[4 juny]] [[1772]] – dêre, [[4 oktober]] [[1816]]) waard yn 1788 learling fan oargelmakker Rudolph Knol en droech sadwaande by oan de bou fan it tsjerke-oargel fan de [[Nikolaastsjerke (Wiuwert)]]. Hy boaske oan Siebeltje Pieters Stellingwerf en sy krigen fiif bern. De bern wiene allegear noch jong doe't er yn de âldens fan 44 jier stoar.
 
Fan Jan is witten dat er yn 1813 it oargel fan de [[MariatsjerkeMarijetsjerke (Mantgum)|Marijetsjerke]] yn [[Mantgum]] ferboud en fergrutte hat. Letter is it oargel yn de [[Noardertsjerke (Drachten)|Noardertsjerke]] fan [[Drachten]] bedarre. Yn de lêste jierren fan syn libben die er it ûnderhâld fan it oargel fan de [[Margaretatsjerke (Easterlittens)]]. Hy hat ek in tal nije oargels makke, lykas dy fan de herfoarme tsjerke fan [[Spannum]], dat troch syn hommels ferstjerren yn 1816 foltôge wurde moast troch [[Lambertus van Dam]]. Dat ynstrumint is yn 1913 oerbrocht nei Herfoarme tsjerke fan [[Mitselwier]].
 
== Soan ==