Kinsjasa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 24:
}}
[[Ofbyld:DCongoKinshasa.png|thumb|Lizzing stedsprovinsje Kinsjasa yn Kongo]]
'''Kinsjasa''' of '''Kinshasa''' (offisjeel: '''Kinshasa''', earder '''Leopoldstêd'''; Lingala: '''Kinsásá''') is de [[haadstêd]] en grutste stêd fan de [[Demokratyske Republyk Kongo]] en ien fan de grutste stêden fan [[Afrika]] besuden de [[Sahara]]. It is in stêd fan grutte kontrasten mei sjike wenwiken, kommersjele wiken, twa universiteiten en syn útwreidzjende krottewiken neist elkoar.
Kinsjasa leit oan de súdigge fan de rivier de [[Kongo (rivier)|Kongo]], fuort foar [[Brazzaville]] oer, haadstêd fan de [[Republyk Kongo]].
 
== Skiednis ==
De stêd waard yn [[1881]] stifte troch [[Henry Morton Stanley]] as hannelspost en waard troch him Léopoldville (Leopoldstêd) neamd as earbetoan oan [[Leopold II fan Belgje|kening Leopold II]], dy't it enoarme gebiet bestjoerde dat no de Demokratyske Republyk Kongo is. De post bloeide; it wie de lêste befarbere haven oan de Kongo foar de [[Livingstonewetterfallen]]. Yn it earstoan moast alle hannelsguod dat yn Leopoldstêd oankaam troch dragers nei de haven fan [[Matadi]] oan de [[Atlantyske Oseaan|Atlantyske]] kust brocht wurde. It foltôgjen fan in [[spoar]]line yn [[1898]] makke dêr in ein oan en soarge foar in gaadlike menear fan ferfier de [[rak]]ken streamôf by del en stimulearre de ûntjouwing fan Kinsjasa. Yn [[1920]] waard Kinsjasa [[haadstêd]] fan [[Belgysk Kongo]], en ferfong dêrmei it stedsje [[Boma (stêd)|Boma]], dat oan see lei.