Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.446 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Jierdei bewurkje seksje

Dei Raphael. Hjoed heakken jo in namme mei bertejier ta op de side 1 septimber. Ut de taheakking blykte lykwols net wêrom't dizze persoan yn dizze ensyklopedy neamd wurde moat, de tafoeging kin dus net neigien wurde, sadat it falt ûnder de 'Gjin orizjineel ûndersyk'-rjochtline. Dêrom is it winsklik dat nammen yn sokke listkes in side op Wikipedy hawwe, sadat eltse bûtensteander dit fuortendaliks neigean kin. Om dy reden is jo taheakking ynearsten weromdraaid. Mar miskyn kinne jo noch in side oer dizze persoan oanmeitsje at jo fan betinken binne dat der meardere gesachhawwende boarnen oer him/har publisearre hawwe. Sjoch dêrfoar ek boppesteand wolkomstberjocht. Tulp8 (oerlis) 11 nov 2020, 18.47 (CET)Beäntwurdzje

Soks jildt fansels ek foar Jillionaire, dy bewurking wurdt ek weromdraaid. Graach no stopje, it noch mear taheakjen fan nammen sûnder side op Wikipedy sil as fandalisme beskôge wurde. Tulp8 (oerlis) 13 nov 2020, 14.07 (CET)Beäntwurdzje
Hi Raphael. Please stop adding the names of people who do not have an article in this Wikipedia and are unlikely to get one in the near future. Thank you in advance. Drewes (oerlis) 13 nov 2020, 17.26 (CET)Beäntwurdzje