Foarburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 1:
[[Ofbyld:Swaensteyn, Raadhuis van Leidschendam-Voorburg, Nederland, Town hall of Voorburg, Netherlands.jpg|thumb|150px|Riedhûs Swaensteyn út 1632]]
[[Ofbyld:Oude Kerk te Voorburg, Nederland. Old Church, Voorburg, Netherlands.jpg|thumb|150px|Alde Tsjerke yn Voorburg]]
'''Voorburg''' is in stêd en eardere [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] yn [[Súd-Hollân]] dy't op 1 jannewaris 2002 fusearre mei [[Leidschendam]] ta de hjoeddeiske gemeente [[Leidschendam-Voorburg]]. Voorburg leit oan it [[Ryn-Schiekanaal]] (ek wol Vliet neamd) en grinzet oan [[De Haach]], [[Rijswijk (Súd-Hollân)|Rijswijk]] en (binnen de eigen gemeente) oan [[Leidschendam]]. Hoewol't Voorburg hielendal fêstgroeid is oan De Haach hat it in âlde doarpskearn en in eigen skiednis. Voorburg is hielendal ferstêdlike. Binnen de gruttere gemeente Leidschendam-Voorburg binne noch wol lanlike gebieten.
 
Voorburg leit op in âlde dunerige of [[strânwâl]] dy't bylâns de Noardseekust rint en dêr't al sûnt ± 2700 f.Kr. minsken wenje, sa blykt út argeologyske fynsten. Bewenning is ek oantoand yn de [[Brûnstiid]] en de [[Lette Izertiid]], de perioade foar en fan de Romeinske oerhearsking. Yn 1988 waard de twatûzenjierrige histoarje fan Voorburg fierd.<ref>[http://www.digibron.nl/search/detail/33e82c1065d88d9dc15a1f7beebd9096/voorburg|titel=Voorburg 2000 - Digibron.nl|besjoen op=2017-02-22|datum=1988-05-14]</ref>