Ikker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L grr...
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
In '''ikker''' of in stik '''boulân''' is in lape troch de [[minske]] foar de [[lânbou]] bewurke grûn, dêr't [[lânbou]]gewaaksen, lykas [[nôt]], [[jirpel]]s of [[sûkerbyt|sûkerbiten]] op ferboud wurde. It wurd "ikker" komt oarspronklik fan it [[Latyn]]ske ''ager'', dat itselde betsjut. It Latynske wurd ''agricola'' betsjut dan "lânbouwer" (''colo'' is "bewurkje"). (De [[Friezen|Fryske]] efternamme "Agricola" is dus in [[latinisearring]] fan "De Boer", krekt sa't "Nauta" in latinisearring fan "Visser" is.)
 
In ikker moat ûnderskaat wurde fan in [[greide]], dat in stik ûnbeboud [[gers]]lân foar de [[feehâlderij]] is. Ikkers wurde faak fan oare perselen grûn ôfsletten troch [[sleat (wetter)|sleat]]ten, [[beamwâl]]en of ôffredings mei [[izertrie]], [[stikeltried]] of, yn it bûtenlân faak, [[hage]]n of muorkes. De moderne [[ekology]] draacht it idee út om fan 'e ikkerseame in [[fauna]]râne te meitsjen, sadat de wylde natoer dêr in better kâns kriget om te oerlibjen.
 
==Sjoch ek==