Fransiskanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; Frysk
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
De út it Italjaanske [[Umbrje]] kommende (Sint) Fransiskus bringt syn libben troch yn tsjinst fan de earmen. Hy stiet bekend as bistefreon. Dieredei falt op syn stjerdatum: 4 oktober.
Hy sammelt in groep fan tolve learlingen om him hinne dy't hy nei [[Rome (stêd)|Rome]] liedt. Yn Rome freget hy om de segen fan Paus Innocentius III. De [[paus]] jout harren syn segen, op kondysje dat de leden fan de oarder geastliken wurde en in oerste oanstelle. Fransiskus wurdt lieder. De leden fan de religieuze groepearring trekke rûn as prekers en tsjinstferlieners en libje yn earmoede en soberheid. It oantal leden groeit.
Nei de dea fan Fransiskus yn [[1226]] wurdt de basilyk en byhearrende kleaster yn Assisy boud. De paus ferklearret him hillich yn [[1227]]. Noch yn deselde iuw telt de oarder mear as tritichtûzen folgelingen.