Jugendstil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[Ofbyld:Beardsley-peacockskirt.PNG|thumb|right|200px|Aubrey Beardsley]]
[[Ofbyld:Mucha-Moët & Chandon White Star-1899.jpg|thumb|right|200px|Moët & Chandon White Star fan [[Alfons Mucha]]]]
'''Jugendstil''' ('Jeugdstyl') of '''Art Nouveau''' ('Nije Keunst') is de oantsjutting fan in ynternasjonale keunststreaming dy't tusken sa'n [[1880]] en [[1914]], mei in hichtepunt tusken 1890 en 1905, yn grutte parten fan Europa (fan [[Moskou]] oant [[Madrid (stêd)|Madrid]]) populêr wie, fral as reaksje op it de foarmferdizening fan it [[ympresjonisme]]. De jugendstil oppenearre him foaral yn gebrûksfoarwurpen ([[glêskeunst]], [[plateel]], [[sieraad|sieraden]], [[meubel]]s ensf.), de [[arsjitektuer]] en de [[skilderkeunst]], mar ek bygelyks yn de [[typografy]]. De bloeitiid fan de streaming wie koart mar fûleindich. Yn West-Europa wie de styl yn 1910 al ferline tiid, yn it easten koe se wat langer oerlibje.
 
Rûchwei kinne twa rjochtingen ûnderskieden wurde: de iene wurdt skaaimerke troch in asymmetryske, weagjende line (Frankryk, Belgje); de oare rjochting hie in mear strakkere styl (Eastenryk, Nederlân: [[H.P. Berlage]]). De skilders út de Jugendstyltiid wurde wol oantsjut as [[symbolisme|symbolisten]] (Nederlân: [[Jan Toorop]]). Har wurk wurk fûn ek neifolging yn boekyllustraasjes en boekbannen.