Spegelretoerskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L titels oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
It '''spegelretoerskip''', ek wol koartwei '''retoerskip''' neamd (of ''eastynjefarder'', de oantsjutting fan alle skipstypen dy't op 'de East' fearen. [[Ingelsk]]: ''East Indiaman''; [[Sweedsk]]: ''ostindiefarare''; [[Dútsk]]: ''Ostindienfahrer'') wie it wichtichste type transportskip fan de [[V.O.C.]] foar it ferfier fan guod en persoanen fan en nei [[Batavia]] en oar plakken yn it [[Fiere Easten]]. De term spegel slacht wierskynlik op it platte ein boppe de eftersteven dy't ryklik fersierd wie en dêrtroch tinken die oan in hânspegel út dy tiid. Om't dit it wichtichste skipstype wie, waard it faak net iens beneamd yn de orizjinele boarnen, mar spruts men gewoan fan in 'skip'. De oare Europeeske hannelsmaatskippijen, lykas de [[West-Yndyske Kompanjy]] en de [[Britske East-Yndyske Kompanjy]], hiene ek soksoarte skippen. <ref>''M. Philippa e.a. (2003-2009) Etymologisch Woordenboek van het Nederlands'' fia: [http://www.etymologiebank.nl/trefwoord/spiegel1 etymologiebank.nl]</ref>
 
Spegelretoerskippen seagen der oan de bûtekant net folle oars út as de [[Oarlochsskip|oarlochsskippen]] fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] en hiene deselde type [[Kanon (wapen)|kanons]], mar safolle net. Yn oarlochstiid waarden de retoerskippen ek útliend oan de Admiraliteiten en brûkt yn de striid op see.
 
De bou fan in spegelretoerskip duorre zo'n fiif oant acht moannen en dêrnei gong in skip sa'n fyftjin jier mei. Fan 1614 hie de V.O.C. trije klassen retoerskippen. De grutste klasse wie in skip mei in lingte fan 42,25 meter (150 Amsterdamske foet), de middelste klasse hie in lingte fan 39,05 meter (138 foet) en de lytse klasse wie 36,8 meter (130 [[Foet (lingtemjitte)|foet]]). Letter, yn 1626, kaam der in klasse foar 45,28 meter (160 foet) by en allinne foar [[Seelân]] waard in útsûndering foar noch gruttere skippen makke, 48,11 meter (170 foet). In skip hie trochsneed 800 ton oan laadvermogen.