Janko Douwama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 37:
Janko Douwama wie in Fryske [[haadling]] dy't út it [[Fetkeapers|Fetkeaperske]] fermidden ôfkomstich wie. Doe't de [[Skieringers]] ûnder oanfiering fan [[Juw Dekama]] de help fan de Saksen ynroppen ferliet hy it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de [[Saksentiid]]. Yn 1506 festige hy him yn [[Ferwert]], neidat er earst boaske mei Teth Luersema fan de ''Olt Luersemaheerd'' fan [[Beswert]].
 
Douwama die earst mei mei de [[Gelre (hartochdom)|Geldersken]] (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] by de bemastering fan Fryslân, mar waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de [[steedhâlder]] [[Georg Schenk fan Toutenburch]] te stean, dy't, tegearre mei [[Keimpe fan Martena]], syn ûndergong bewurkje soe. Douwama stie ek yn kontakt mei [[East-Fryslân]]. Op [[12 juny]] [[1523]] waard hy finzen setten yn [[Vilvoorde]], dêr't hy sûnder proses nei tsien jierren fan lijen en tramtearrings ferstoar. Syn ideeën libben troch by [[Syds Tjaerda]] en [[Karel Roorda]], en hy wurdt neamd troch [[Petrus Thaborita]].
 
Oft hy wier yn Vilvoorde syn Memoires (Skriften útjûn troch it [[Frysk Genoatskip]], 1849) skreaun hat, is op syn minst twiveleftich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk nasjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch [[Syds Scheltes Tjaerda|Syds Tsjaarda]] en [[Karel Roarda (politikus)|Karel Roarda]]. Yn 1943 publisearre de [[Nasjonaalsosjalisme|nasjonaalsosjalistyske]] útjouwerij [[De Schouw]] in roman oer syn libben, ''Heer Jancko Douwama van Oldeboorn'', skreaun troch de Fryske dûmny [[Steffen Bartstra]].