Ferskil tusken ferzjes fan "Album (muzyk)"

bs
L (red)
(bs)
[[File:CDV2.jpg|right|thumb|230px|In [[cd]] yn in iepen [[cd-doaske]].]]
In '''album''' is in samling [[klank|lûd]]sopnames fan (yn 'e regel) [[muzyk]] dy't as ien gehiel op in [[lûdsdrager]] publisearre wurde. De earsten fan sokke albums waarden ûntwikkele yn 'e iere [[tweintichste iuw]], earst as [[boek]]en fan yndividuële [[78-toereplaat|78-toeregrammofoanplaten]], en fan [[1948]] ôf as [[finyl|finilen]] [[LP|LP's]] fan 33⅓ [[toeretal|toeren]]. Fan 'e ein fan 'e [[1970]]-er jierren ôf kaam njonken de LP it [[kassettebantsje]] yn 'e moade, dat oant yn 'e [[1990]]-er jierren brûkt waard, doe't de opkomst fan 'e [[cd]] sawol kassettebantsje as LP út 'e merk drukte. Yn 'e [[ienentweintichste iuw]] wurde albums ornaris útbrocht op cd en/of [[MP3]], wylst ek de LP in lytse [[comeback]] makke hat.
 
In album kin opnommen wêze yn in (fêste of mobile) [[opnamestudio]] en wurdt dan in [[studio-album]] neamd as it in 'regulier' album is. [[Gelegenheidsalbum]]s wurde ek yn 'e studio opnommen, mar wurde gjin studio-albums neamd. Sokke albums wurde útbrocht ta gelegenheid fan it ien of oar, wêrby't alle lieten in beskaat [[tema]] hawwe. It [[kryst]]album is it bekendste foarbyld fan sa'n gelegenheidsalbum. In [[konsertalbum]] is in muzykalbum dêr't in ''live''-[[konsert]] op opnommen is. In [[sammelalbum]] (of in ''greatest hits''-album) is in album dêr't de (al earder útbochte) grutste [[hit (muzyk)|hits]] fan in [[artyst]] op gearbrocht binne.
 
It opnimmen fan in studio-album kin yn in pear [[oere]]n oprêden wêze, mar it kin ek ferskate [[jier]]ren duorje. By it opnameproses wurde yn 'e regel ferskillende [[take]]s dien, wêrby't ûnderskate ûnderdielen fan it album of fan ien en itselde ferske apart opnommen wurde en letter troch [[audiomontaazje]] byinoar brocht wurde. It is mooglik dat ferskillende [[sjonger]]s of [[muzikant]]en opnommen wurde op ferskillende tiden of yn ferskillende [[keamer]]skeamers, wylst se fia [[koptelefoan]]s harkje nei it wurk fan 'e oaren. Eltse ferskillende opname fan in part fan itselde ferske hjit in [[multitrack-opname|track]]. As in album opnommen is sûnder gebrûk fan [[overdubbing]], wurdt it "''live''" neamd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.189

bewurkings