Skimmels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
 
==Omskriuwing==
Ta de skimmels hearre net allinne de bekende [[mikro-organisme]]n dy't op âlde [[bôle]], oerryp [[frucht (plant)|fruit]] en fochtige muorren groeie, mar ek de [[ienselligen|iensellige]] [[gêst]]en (dy't derfoar soargje dat [[daai]] riist en fruchtesop feroaret yn [[etanol|alkohol]]hâldende drank) en de [[mearselligen|rjusellige]] [[poddestuollen]], dy't behoarlik grut wurde kinne. Skimmels plantsje har sawol [[geslachtlike fuortplanting|geslachtlik]] as [[ûngeslachtlike fuortplanting|ûngeslachtlik]] fuort. In protte skimmels meitsje saneamde [[mykotoksine]]n oan, stoffen dy't giftich foar [[minske]]n en [[bisten]] binne. Guon fan dy stoffen binne deadlik, wylst oaren (yn beheinde doases) [[psychotropysk]]e effekten hawwe (lykas yn ''[[paddo's]]''). Neffens moderne rûzings soene der oardel oant fiif miljoen skimmel[[soarte]]n wêze, mar dêrfan is noch mar 5% yn kaart brocht. Foarhinne waarden skimmels yndield nei har [[morfology]], d.w.s. nei oerienkomsten yn foarm. No't [[genetika|genetyske]] ûndersyksmetoaden tapast wurde, docht soms lykwols bliken dat de besibskip tusken skimmelsoarten ûnderling hiel oars yninoar sit as dat men earder tocht.
[[File:Piptoporus betulinus JPG2.jpg|left|thumb|200px|In [[bjirkeswam]] (''Piptoporus betulinus'').]]