Willem II fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 31:
Hy naam it beslút om syn boerepleats yn [[Den Haach|Haga]] om te bouwen ta in kastiel dêr’t er effisjint syn gebieten út wei bestjoere koe. Dêrmei begûn de funksje fan Den Haach as bestjoerssintrum.
 
Omdat er de [[paus]] yn syn konflikt mei [[Freark II fan it Hillige Roomske Ryk|Freark II]] militêr stipe, kroande de [[aartsbiskop fan Keulen]] him as tank yn [[1248]] te [[Aken (stêd)|Aken]] ta [[Hillige Roomske Ryk|Roomske kening]], wêrmei’t er kandidaat waard foar keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Pas yn [[1252]] is er foaral tanksij syn houlik mei de [[Welfen|Welfyske]] [[Elisabet fan Brunswyk]], dochter fan hartoch [[Otto I fan Brunswyk]], troch de foarsten fan syn ryk as hearsker akseptearre.
 
De [[siktaris]] en [[kapelaan]] fan Willem I mei de namme [[Willem fan Ryckel]] († 1272), begeunstiger fan de Mariatsjerke yn [[Aken]] en [[Abt]] fan de [[St-Trudo]]abdij yn [[Sint-Truiden]], stifte it [[beginehôf]] [[St-Agnes]]. Yn 1986 waard op de pastorijsouder fan de dekens ferskate reliken fan de 11000 hillige fammen werom fûn, wuolle yn midsiuwske stoffen. Hy wie famylje fan de hillige [[Elisabet fan Spalbeek]] dy’t de [[stigmata]] droech.
 
Willem II hat ferskate oarloggen fierd tsjin de [[West-Fryslân|Westfriezen]]. By ien fan de tochten tsjin de Westfriezen sakke er by [[Heechwald]] troch it iis fan de [[Berkmar]]. De West-Friezen fûnen him yn in machteleaze posysje en makken him dea. Willem waard begroeven ûnder in hurdplaat fan in buorkerij yn [[Heechwâld]]. Pas yn [[1282]] wist syn soan [[Floaris V fan Hollân|Floaris V]], it stoflik omskot werom te finen. Dat gie net sûnder slach of stjit. Heechwâld is plondere en hast alle minsken dy’t der wennen binne fermoarde.